Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Brêgekeunst

Skiednisbylden

fan Ernst Ludwig Kirchner*
fan Emil Nolde**



’t Wie Nietzsche dy’t de brêge
boude nei de takomst ta,
dus bliuw net stûkjen yn ’t ferline,
sjoch nei sterken dy’t it yn har ha
om troch te gean mei rjochte rêgen.

Dêr steane dan de fjouwer
sterken fan de skilderswrâld,
sy litte harren tinten skine;
ek al fielt it blau-grien justjes kâld,
elk is in waarme brêgebouwer.

It gie om de essinsje
fan it kreative byld,
jin net oan it ferline bine;
ek al eagen harren streken wyld,
de brêge oer wie har yntinsje.

It hat gjin tsien jier duorre
doe’t de brêge it bejoech,
de takomst skode nei ’t ferline,
om’t de spanning folle swierder woech
as ’t byldferhaal fan fjouwer tuorren.

* Ernst Ludwig Kirchner (1880-1938)
Skilderij ‘Groepsportret fan ‘Die Brücke’’

* Emil Nolde (1867-1956)
Skilderij ‘Maskers’

admin

De frije Noar

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Hoe kin it lân fan tûzen fjorden
salang ûnder frjemde foarsten stean,
de slach net hat om ’t paad te gean
nei eigenheid op oarder?

Hoe kin de wylde wytsing libje
sûnder stipe fan de Deen en Sweed?
Sy helpe Noaren út ’e need,
mienskiplik is har stribjen.

De Denen foeren as de bêsten,
sloegen harren slach by muonts en non,
de Noar tocht: Nei Napoleon
ferrize eigen mêsten.

De mêsten hellen net de hichte
fan de Sweedske skippen yn de float,
dus kaam de Noar by har oan board,
gjin eigenheid, mar plichten.

Mar soe de wylde wytsing ’t weagje
in koers te farren oars as Sweed
en Deen, dan hie er einlings weet
fan hoe oft frjemden pleagje.

* Foto ‘Fjord’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum