Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Blau neaken

Skiednisbylden

fan Henri Matisse*

Weevje kleuren troch it libben,
streekje dy ek op it doek
lykas se binne, yn it neaken,
wat net strykt mei it gebrûk
fan op blau wetter falle drippen.

Lit Matisse fleurich streekje,
as er sin hat ek mar wyld,
de wylden binne him ta beaken,
hy foldocht net oan it byld
fan blau is ’t wetter fan it beekje.

Skilder fan metamorfoaze,
weevje ôf mei de krityk
oer blauwe dame yn it neaken,
want gjin foarm komt oer as bryk,
’t model hat in klassike poaze.

* Henri Matisse (1869-1954)
Skilderij ‘Blau neaken’

 

admin

Stim fan de frou

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

De fraach is: hat de frou gjin stim
om libbenswiis te praten,
folget sy allinnich him
dy’t gearspant mei syn maten?

Yn Londen folge sy har aard
fan stride foar har rjochten,
want lykweardich is it paad
dêr’t froulju lang om sochten.

Mear stimmen as in heal miljoen,
sa lûd klonk de petysje,
’t waard de froulju net ferjûn,
’t geweld kaam fan de plysje…

… doe’t froulju stoarmen nei it hûs
dêr’t redendielden hearen
oer steatssaken by de rûs
en hoe de frou te kearen.

It antwurd wie: de finzenis
is better as in boete,
froulju wurde dêrmei wis
fan hoe de hear te moetsjen.

* Foto ‘Demonstraasje suffragettes’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum