Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Angkor Wat

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*Image
Rivieren joegen rynsk de klaai,
de grûnstof foar de stiennen,
stien nêst stien, sa lang en breed,
en opinoar nei ’t himelskaai:
in timpel foar besinning.Fiif kegeltuorren wize nei
de Meru-berch dêr’t goaden
har ferbliuw ha, lang en breed:
‘Kom, Visjnoe, stim ús stribjen mei,
de timpel is dyn oarde.’

De muorren binne rynsk fersierd
mei tûzenen goadinnen
foar brahmanen, siel oan siel,
dat elk de goadewrâld ferstiet:
de timpel foar besinning.

* Angkor Wat (12e ieu)
is in timpel yn Kambodja,
wijd oan de hindoegod Visjnoe

 

admin

Boroboedoer

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Image

Hoe koe de foarst fan Java
’t himelryk ferbine mei de wrâld?
De ierde moast de hichte yn
en heffe boeddha foar’t behâld
fan mylde rein en sinneskyn.

De bergen joegen lava,
hurde stien bewurke mei ’t houwiel
ta blokken, mear as in miljoen,
dy’t heechop tilden boeddha’s siel
foar rike risping op ‘e grûn.

En doe’t de foarst fan Java
Boroboedoer mei syn folk beklom,
oerskôge boeddha ’t sillich neat,
it machtich bouwurk mealde er net om,
hy hat him stil nei binnen keard.

Image

* Boroboedoer (778-850)
is de grutste boeddhistyske timpel
fan de wrâld

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum