Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Heiten fan Nicaragua

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Wa ken de heit fan Nicaragua,
Columbus of de Spaanske foarst
of binne dat de Steaten,
feriene ta in mega-macht?
It lân woe op ’e frijheid ta.

Columbus wie de bliuw-mar-efkes heit,
de Spaanske kening bleau fier fuort,
wist dat soldaten skeaten
om mannich gouden mega-fracht,
sa hat er yn de skatten baaid.

De Steaten setten yn op polityk:
konservatyf tsjin liberaal,
behâldend moast it winne,
de liberaal kriich dus de wacht
oansein, de Steaten waarden ryk.

Sa wie it lot fan Nicaragua:
in heit spuit fakentiid raar guod,
wol ’t bern selsstannich rinne;
de nije dei komt nei de nacht
as eigen krêften romte ha.

* Kaartsje fan Nicaragua

admin

Louis Blériot as miuw

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Fleane tusken wolk en weagen
as in miuw dy’t sweve kin
fan ’t iene nei it oare lân,
dat hat de frije geast foar eagen.

Geast dy’t jong al sjocht nei wolken,
fantasearjend as in bern,
dat mei de miuw fljocht oer it strân,
gjin weet hat fan it lot fan folken.

Blériot liet ier al witte
dat er heger fleane woe
as miuwen boppe ’t fêstelân,
hy koe de sturt en wjukken mjitte…

… yn ferhâlding mei it bliuwen
yn de loft, wat barre soe,
iendekkers kamen út syn hân
mei wjukken op en del as miuwen.

Tusken wolk en weagen woed er
fleane oer in breed Kanaal,
wat slagge yn in moaie tiid:
foarútgong en in goed healoere.

Blériot soe fierder bouwe,
inkeld noch op grutte skaal,
ek fleanmasines foar de striid,
gâns folken rekken yn de rouwe.

* Foto ‘Louis Blériot’
** Foto ‘Earste flecht oer It Kanaal’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum