Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Spikers troch de tiid

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

De Eufraat soarge foar it ark:
in stâle reid om mei te skriuwen
op in ûndergrûn fan weake klaai,
sa gie de tiid troch it ferline mei
en soe de kening ivich bliuwe:

Yn de spikers kin men lêze:
Salmanasser mei der wêze!

Image

Dêr stiet er yn syn hear en fear,
Assyrysk kening, fol fan gloarje,
en beskermer fan de libbensbeam,
de tûken boppe lân en Eufraats stream,
syn libben rint troch de histoarje:

Yn de spikers kin men lêze:
Salmanasser mei der wêze!

Image

Dêr stiet er op syn keningswein
mei yn de hannen pylk en bôge,
want de foarst is hjoed op liuwejacht,
dat bist jout oan de kening goademacht,
sa hat er oer de ieuwen skôge:

Yn de spikers kin men lêze:
Salmanasser mei der wêze!

* Spikerskrift
Kening Salmanasser III
Op liuwejacht
(9e oant 7e ieu foar Kristus)

admin

Froulike wachters

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

It wie it folk fan rûge foarmen,
dat bekend stie as Hettyt,
it die op stien en striid gâns flyt
en hat troch ’t Midden-Easten stoarme.

De striid rûn stadich nei de hichte
oant it toppunt fan de macht,
nei elke dei kaam wer in nacht,
de muorretiid, mar wol in tichte.

Wat is in muorre sûnder wachter?
Froulju yn in rûge foarm
dy sloegen yn de nacht alarm,
dêr kamen freon en fijân achter.

Image

* Anatolyske sfinksen (1450-1200 foar Kristus),
in froulike ferzje yn it hjoeddeiske Turkije

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum