Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Titanic

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan Willy Stöwer**



It is tefolle om te neamen,
want titanysk wie it skip,
mei fjouwer skoarstiens nei de hichte
stiek it goaden nei de kroan,
in stomer út ’e djipste dreamen.

Dus wêrom net ferneame
út it reuzeskaai, ferneamd
troch tsjin de goaden fûl te striden,
dochs kaam ’t op ’e driuwkrêft oan,
ûnmachtich troch de wetterstreamen.

De kjeld liet stream en bloed befrieze,
bergen riisden heger op
as fjouwer skoarstiens, dy’t fansiden
seagen goaden op ’e troan,
dat Titan moast de striid ferlieze.

De kont woe boppe wetter rize,
grutsk, it wie syn lêste wil
foar’t hy titanysk nei de lichte
glied, ferstoarn wie doe de toan
fan Titan sil de koers wol wize.

* Foto ‘Titanic’

** Willy Stöwer (1864-1931)
Tekening ‘Undergong fan de Titanic’

 

admin

Earste Balkanoarloch

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

It giet mei ’t hynder foar de wein
de Earste Balkanoarloch yn,
ienfâldich, sûnder sier of toai,
rydt troch de bergen it konfoai.

Fuort mei it Ottomaanske ryk,
de sultan hat it yn de wyn
en moat rap út ’e Balkan wei,
dus drafkje nêst de hynders mei.

Gjin mega-ryk mear yn de buert,
it wâdet lytse lantsjes fyn,
fuort mei Mohammeds wurd en wei,
klim op ’e wein en fjochtsje mei.

De sultan wurdt op ’t lêst ferslein,
hy rekket foar syn swakkens blyn,
de lytsen ride yn de toai
de bergen oer, in feestkonfoai.

* Foto ‘Yn konfoai’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum