Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Boarje nei de siel

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan Archipenko**



Syn pake wie ikoaneskilder,
makke fan Marije in ikoan,
in hillich byld foar elke siel
dy’t iepenstie foar ynspiraasje,
Archipenko waard har soan.

Hy seach har oars as stille pylder,
boarre mei de eagen nei de siel
en iepene har inerlik,
fan bûten en fan binnen graasje,
ynspiraasje waard syn diel.

De frou koe troch syn djipgong rinne
om’t er gatten yn har lichem liet,
sa rûn er fielend mei har op
en achter harren kaam de staasje,
rekke troch syn byldzjend liet.

* Foto ‘Archipenko’

** Archipenko (1887-1964)
Byld ‘Rinnende frou’

admin

Fan del- nei opgong

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan Marcel Duchamp**



Lit de opgong wêze foar Marcel,
dy’t jong al libbe tusken skilderijen,
yndruk út ’e âlde tiid,
hy gie net alle dagen derby del,
de takomst mocht er leaver lije.

Futurisme seach er oan de kym,
dêr soed er stap foar stap foar stap wol komme,
út ’e hichte nei de grûn,
net realistysk, derby del as skym,
wat koe ’t ferline him dan bomme.

Bleat rûn hompend by de treppen del
de djipte yn, op doek mei ien diminsje
ekstra, oan gjin noarmen bûn,
hoefolle stappen ek, ’t wie net yn tel…
wie bleate delgong syn yntinsje?

Lit de opgong wêze foar Marcel,
dy’t âlde keunst fan ’t statyske befrijde,
’t kaam úteinlik dêrop del.

* Foto ‘Marcel Duchamp’
** Skilderij ‘Bleat giet by de treppen del’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum