Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Munt of goud

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Sûn nei lichem en nei geast,
sa sille sporters stride
op ’e Spullen fan Olympus**;
lit gjin jild de foarstap krije:
hjir jildt meidwaan, dat komt earst.

Jim Thorpe die as yndiaan,
lykas syn foarfaars strieden,
alle war om earst te wurden
op ’e fiifkamp, as in frije
fint soe hy de rest ferslaan.

Goud wie him lykwols net gund,
want jild soe ’t spul net liede:
Jim fertsjinne sechtich dollar
yn de moanne, ’t koe net lije,
syn stunt ferlear it fan de munt.

Libbenslang focht troch syn geast,
hy stoar foar’t oare tiden
’t spul feroare op Olympus.

* Foto ‘Jim Thorpe’

** Olympyske Spullen fan 1912 yn Sweden

 

admin

Maria Montessori

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**



Sy wie fan goed komôf
en ryk troch har ideeën
foar berntsjes yn de nederklits,
’t idee fan mosk ta grutske pau.

Dokter wie foar har ’t berop
om minsken hiel te meitsjen,
ek foar de geast waard sy in gids,
’t idee fan ûnder nei de top.

Minsken wiene mear as brein,
it gie om alle sinnen
fan ’t bern, mei spul as stimulâns,
’t idee fan boartsje nei de ein.

Montessori en de wrâld,
sy reizge oeral hinne
mei as bestimming ’t swakke bern,
’t idee fan rypje mannichfâld.

Unrjocht koe sy mar min oer,
alhiel net oer tirannen,
sy liet har stânpunt dúdlik sjen,
’t idee fan sjenners oan it roer.

Montessori mear as frou,
in rykdom oan ideeën
joech útsjoch en de bern de kâns
om fan in mosk te wurden pau.

* Foto ‘Maria Montessori’
** Foto ‘Maria Montessori tusken bern’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum