Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Davidstjer

Skiednisbylden

fan Corrado Cagli
fan ûnbekend*

As puber seach er mannich stjer
wannear’t er by syn keppel lei
om nachts de wacht te hâlden;
ien liet oan him in knypeach sjen:
oer dy hâld ik as stjer de wacht,
do bliuwst de iuwen troch behâlden.

As kening liet er hjir en dêr
sjen hoe’t men troch it libben gie:
mei rjochte rêch, ek fallend;
soms wie de stjer net mear te sjen
en lei er yn de neare nacht,
al hie hy ’t leafst de stjer ha wollen.

Syn neiteam kriich op ’t lêst de stjer
opnaaid as teken fan de wei
nei neare isolaasje;
sels âlde lju en lytse bern,
elk waard oansein de deade-wacht…
de stjer waard dôve troch dy naasje.

* Corrado Cagli (1910-1976)
Skulptuer ‘Davidstjer’

** Foto ‘Davidstjer’

admin

Pearl Harbor

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

In haven as in pearel,
deis blinkend yn  it fjoer
dat strielet út ’e kosmos wei;
de float lei feilich yn de earms
fan mem… wa stie noch oan it roer?

Wa’t delkaam wie in keardel
nei’t hy syn bommen brocht
hie op it plak dat earder blonk
troch ’t fiere fjoer, ynienen wie ‘t
tichtby… ûnwêzentlik it ljocht.

Hy wie net mear fan wearde,
de pearel yn it fjoer
dat lôge troch de oarlochsfloat;
de memme-earm wie fierste koart,
sy gûlde… mei har soan wie ’t oer.

* Foto ‘Oanfal fan Japan op Pearl Harbor’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum