Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Wisse frijheid

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Lit de wrâld net hjitter wurde
troch it fjoer dat út ’e loop
fan stielen wapens komt,
sa is de tastân hjoed de dei…
hoe wie it juster?

Juster bleau it noch by wurden:
NAVO tsjin it Warschaupact, 
de oarloch wie doe kâld
as iis, de frijheid wif en faai…
is ’t moarn dan better?

Moarn sil Frijheid wisser wurde
fan it antwurd op ’e fraach
hoe’t elk him wapenet
tsjin wurden dy ’t ferflokke ’t rjocht
op eigen miening.

* Foto ‘Nederlânske flagge’

admin

Triomf nei befrijing

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Sjedêr de bôge fan triomf,
dy’t earder bûgde foar ’t geweld,
in swiere tiid fan fjouwer jier,
in skiednis dy’t him faak werhelle:
de Dútsers tsjin de Frânsen.

De opstân fierde nei triomf,
befrijing fan it hiele lân
nei’t de besetter hie in plan
om hiel Parys te ruïnearjen,
lykas it Poalske Warschau.

Mar Charles de Gaulle liet dat net ta,
syn plan hold by de oaren stân:
nei’t hiel Parys yn opstân kaam,
liet hy divyzjes opmarsjearje:
de Frânsen tsjin de Dútsers.

It gie op de oerwinning ta,
sjedêr de bôge fan triomf
dy’t foar de fijân waard ta swier
ferline tiid, al wer werhelling
fan oer de grinzen hinne.

* Foto ‘Parys befrijd’
** Foto Charles de Gaulle’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum