Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Romans category

admin

Romans

Romans
PDF Print E-mail
Finzen yn bylden   1992

De Golfoarloch yn 1991 hat mar seis wiken duorre.
Dochs troffen de oarlochsbylden op it televyzjeskerm
guon âldere minsken sa sterk dat se harren ferline
fan mear as fyftich jier lyn (1940-1945) op’e nij belibben.
De fjouwer haadpersoanen reitsje suver finzen
yn en troch bylden út harren ‘eigen’ oarloch.
Elk fan harren ferwurket dat ferline op eigen wize:
Freark Douma, âldizerkeapman, en Aant Riemersma,
âld-kastlein en -túnman, yn Fryslân;
Gertrud Meier yn Dútslân en Rachel Levy yn Israel.
Fragen fan skuld en ûnskuld wurde,
soms op ‘e drompel fan de dea, beäntwurde.
Wa’t – befrijd fan alle benearjende bylden –
de bern, dy’t it symboal binne fan de takomst,
in beamke plantsje lit, is wiis wurden
en bout mei oan in nije wrâld.

Image

Ridder fan Snits        rom   1999

Krekt 600 jier nei’t de stins Rodenboarch
troch de Snitsers delhelle waard,
komt it earste diel fan de histoaryske roman
‘Ridder fan Snits’ út.
It jier 1399 wie in kear yn it romrofte libben
fan syn bewenner, Rienk Bockema.
Dêrfoar hie dizze haadling
fier bûten de grinzen fan Fryslân fochten.
By Rhodos tsjin de Turken en yn de stêd Grodno
tsjin de gruthartoch fan Litouwen.
Yn Snits sels wraksele er mei syn eigen libben,
dat ferrûn tusken wylde driften en eangst foar de dea.
Yn dy spanning rjochte er him op
de Hillige Frouwe Marije,
foar him it toanbyld fan guon froulju
dy’t yn syn libben in gtutte rol spilen.
Mar de rom as ridder en de pylgerreis nei Jeruzalem
koene syn skuld foar Marije en de froulju oer
net weinimme.
Earst nei 1399, doe’t er syn macht yn Snits kwytrekke wie,
die er yn de stilte fan syn eigen kleaster Thabor
boete troch muonts ûnder de muontsen te wurden.

Ridder fan Snits        skuld   2000

Rienk Bockema syn lang libben (1350-1436)
spile him net allinnich ôf yn Rodenboarch,
de mânske stins dy’t binnen de wâlen en grêften
fan it midsieuske Snits stie.
Doe’t er weromkaam fan de krústocht nei Rhodos,
waard er troch kening Edward III fan Ingelân
om syn moed ta ridder slein.
Mar yn de jierren dêrnei fierde er op ‘e grûn
dêr’t er hikke en tein wie, in hiel oare striid.
Hy wraksele mei syn eigen libben,
dat ferrûn tusken wylde driften en eangst foar de dea.
Om’t er him skuldich fielde oan de dea fan syn frou Bot,
dy’t ûnder heimsinnige omstannichheden omkaam,
makke er in pylgertocht nei Jeruzalem.
Dêr ferbûn er him noch hechter
oan de Hillige Frouwe Marije,
foar him it toanbyld fan inkele froulju
dy’t yn syn libben in grutte rol spilen.
Mar de rom as ridder en de pylgerreis nei Jeruzalem
koene de skuld foar Marije en de froulju oer net weinimme.
Earst oan de ein fan syn libben fûn er de rêst
yn it kleaster Thabor,
dat er tusken Snits en Turns bouwe litten hie.

Ridder fan Snits        boete   2001

Rienk Bockema wie it lêste part
fan de fjirtjinde ieu haadling fan Snits.
Hy makke trije lange reizen.
De earste reis wie in krústocht nei Rhodos,
yn tsjinst fan kening Edward III fan Ingelân.
Fanwege syn moed waard him de rom
fan it ridderskip takend.
De oanlieding ta de twadde reis
wie de ûnferwachte dea fan syn frou.
De eangst foar skuld en ivige straf
dreau him op pylgerreis nei Jeruzalem.
Dêr krige er de hillige opdracht
in twadde krústocht te ûndernimmen.
Fan dy krústocht, tsjin de gruthartoch fan Litouwen,
brocht er in Marijebyld en twa jonges mei werom.
Doe’t er tsjin de sechtich rûn, waard er him bewust
dat oan syn aventoerlik bestean in ein kommen wie.
Hy wist ek dat syn lêste libbensjierren
net sûnder boete koene.
Dêrom stifte er it kleaster Thabor, dêr’t er noch langer
as in fearnsieu muonts ûnder de muontsen wie.

Image

Snijpunten  2002

Sy kamen foar ien nacht op deselde sikehûskeamer,
skiednislearaar Hidde Keimpema
en sakeman Ralf Lanting.
Dêr rekken se oan de praat oer libben en tinken.
It libben en tinken fan Hidde Keimpema
fan jonkje oant 2000,
en dat fan Ralf Lanting fan 2000 nei skoaljonge.
Wat sy yn dy iene nacht elkoar ferteld ha
en wat inkeld by harren boppe kaam yn bylden,
bliuwt yn it tsjuster.
Mar wat wol opljochtet,
binne de snijpunten yn it libben en tinken
fan de learaar en de sakeman.
De echte moeting is foarby it ultime snijpunt.

Image

Dokslepers   2005

Oan de râne fan it Spoardok wenje de Bleekbuerters,
folk mei karakters en tinkbylden dy’t himelsbreed ferskille.
Wêr’t se itselde yn binne, is de driuw nei behâld
fan it libben op dat bysûndere plak tusken natuer en stêd.
It is harren himel op ierde, dêr wolle se foar yn de beage om,
elk mei de eigen bysûndere krêften,
de buert troch de tiid te slepen.
Dat yn har fermidden in âld dokter op syn manier
de himel op ierde bringe wol,
ha se earst troch as ien fan har it slachtoffer wurdt.

Image