Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Religy category

admin

Frou yn byld

Religy
PDF Print E-mail
Nei oanlieding fan de tsjerketsjinst
op 30 oktober 2005
yn de mennniste tsjerke te Drylts

Image

Flinke frou
Spreuken 31, 10 – 18

Wa ropt dy, suster, ta de die?
Dyn wearde mjit men ôf
oan kralen yn in gouden snoer,
do bist in flinke frou,
dyn rop giet stêd en krite oer
fanwege fjoer en flam,
dêrsto de waarmte mei behâldst,
komst út Marijes stam.

Marije
Lukas 2, 1 – 7

Wa ropt Marije ta de reis
nei ’t fiere Betlehem?
Augustus, Romes goadesoan
hjit dat mei lûde stim,
mar by it rizen fan de moarn
brekt troch it nije ljocht
it sjongen oer Gods ierdske Soan,
de Kening fan it rjocht.

Jehannes
Iepenbiering

Wa ropt Jehannes om te sjen
de bylden boppe see
fan ’t eilân Patmos, ballingsoard,
syn wûnderbaarlik stee;
hy skôget dêr fan súd nei noard,
fan westen nei it east
it ûnheil oer de macht fan nee,
mar ’t heil noch aldermeast.

Draak
Iepenbiering 12, 1 – 6

Wa ropt dy út ‘e ûnderwrâld,
do byld fan wrede wraak?
In lôgjend fjoer fan kop oant sturt,
do stjerreagjende draak,
mar wit, de die is nei it Wurd,
de Soan komt op ‘e troan,
de frou fynt plak yn de woestyn
en wachtet op ‘e moarn.

Image
Part fan it middenpaniel fan it trijelûk ‘It lêste oardiel’
fan Lucas van Leyden

Sjoch ek: Religy Byldtsjinst

admin

Preamtsjinst op de Langwarder Wiellen

Religy
PDF Print E-mail
Op 4 septimber 2005 waard der wer in preamtsjinst holden fan Broek út op De Langwarder Wiellen. Mei goed tachtich minsken yn trije preammen en de sleepboat fan Geart Pekema derfoar foeren wy op dizze prachtige snein nei de natuerlike tsjerkehaven.

De ferkundiging wie yn trije parten:
1. Tukker en rjochtsregels        Psalm 119, 33 – 40
2. Lietsjesjonger                      Ezechiël 33, 30 – 33
3. Spoek                                 Mattéüs 14, 22 – 33

Image

1. Tarissing

2. Skeppingsliet
Wize: Dêr’t de dyk it lân omklammet

Nei’t de Skepper út it wetter
rôp de ierde foar it ljocht,
lei der fêste grûn, dêr’t letter
Hy it libben ek op brocht:
planten, dieren, ek de minske,
dy’t dêr frij op libje mocht,
bouwend oan de heechste winsken
foar in wrâld fan wurkjend rjocht.

Dêr’t it lân lei sljocht derhinne,
tusken mar en puollen yn,
moast men dykje om te winnen,
sljochtweihinne, sûnder skyn,
griene greiden, folle preammen,
skipper, boer yn waar en wyn,
weagjend op ‘e libbensstreamen
fan it doe de takomst yn.

Dêr’t it lân noch altyd leech leit,
tusken mar en poel en feart,
dêr’t men seil en fok omheech draait
en it skip nei ’t wetter teart,
sile wy op libbensskûte,
op ‘e twirren fan Gods wyn,
mei elkoar de rjochte rûte,
frij de nije skepping yn.

Image

3. Ynlieding op it tema ‘Libbensfeart’

Us libben is as in skip, dat fan berte oant dea de libbenssee besylt, foar de wyn en lavearjend, op ‘e rûte nei it libbensdoel:

Libbensboat                                                                      kûplet 1 fan it liet
Libbenswetten                    Psalm 119, 33 – 40                 kûplet 2 fan it liet
Wachter/loads                    Ezechiël 33, 30 – 33                kûplet 3 fan it liet
Skipper fan it libben           Mattéüs 14, 22 – 33                kûplet 4 en 5 fan it liet

Image

4. Liet ‘Libbensfeart’
Wize: Wolkom freugde fan de wrâld

Wolken, wetter en de wyn,
bylden fan it libben,
driuwe, weagje, gong deryn,
brûzje as de skippen.
Sa sylt ek myn libbensboat
tusken oare yn de float
op ‘e wetterweagen
mei it doel foar eagen.

Far net út ‘e haven wei
sûnder libbenswetten,
nim it skipskompas ek mei,
wolst de koers útsette.
Want sa sylt myn libbensboat
tusken oare yn de float
op ‘e wetterweagen
mei it doel foar eagen.

Wolkom, wachter fan de see,
loads om my te wizen
hoe te farren troch it stee
dêr’t de klippen rize.
Want sa sylt myn libbensboat
tusken oare yn de float
op ‘e wetterweagen
mei it doel foar eagen.

Stiet de see sa hol en heech,
raast de stoarm oer ’t wetter,
is it foar it skipsfolk dreech,
wurdt it ek net better.
Skipper, rêd ús libbensboat,
want dy rekket út ‘e float,
op ‘e rûge weagen
is ’t ús swart foar eagen.

Skipper, stap by ús oan board,
nim it roer yn hannen,
far ús nei in feilich oard,
frij fan alle bannen.
Want dan sylt ús libbbensboat
yn de messiaanske float
op ‘e wetterweagen,
’t frederyk foar eagen.

Image

5. Gebed

6. Earste part ferkundiging

Lêze: Psalm 119, 33 – 40
Sjonge: Psalm 119, 9
Ferkundiging

Tukker en rjochtsregels

In frjemde kombinaasje, in pream as tsjerke. Like frjemd as de kombinaasje fan de folgjende wurden: Tukker, rjochtsregels, lietsjesjonger en spoek.

Lit ús by ‘De Tukker’ begjinne. It is bekend dat Tukker stiet foar in ynwenner fan Twente. ‘De Tukker’ is in klipper, in seeweardich sylskip fan in jeugdwurkynstelling yn Twente. Al 25 jier fart dy klipper mei jonge minsken dy’t harsels yn de problemen brocht ha. Se hawwe mei justysje yn oanrekking west, dy’t harren net yn in nauwe sel set hat, mar op in skip, dat de wide see befart.
Wat is de bedoeling?
Op ‘De Tukker’ moatte de jonge minsken har libben wer op ‘e rjochte rûte bringe. Hoe?

Dêr binne foar nedich: regels, in goede ynstelling en wachters.
De jongerein dy’t oan board stapt, is net wend oan regels. Dy hawwe de measten net meikrigen fan har âlders. Wy soene ek sizze kinne: de âlders ha har bern gjin grinzen leard. Sa fier en net fierder. En wa’t libbet sûnder grinzen, hat gjin eigen inerlik thúslân en giet oer de grinzen fan oaren hinne. In inerlik thúslân hat te krijen mei in goed gefoel oer dysels, do fielst dy thús yn dyn eigen lânskip, do hast in goede libbensynstelling.

Jonge minsken dy’t op ‘De Tukker’ stappe, wurdt daliks al in grins steld: letterlik sa grut as de klipper sels is. In oare grins dy’t lutsen wurdt, binne de regels: op tiid fan en op bêd, skjin op dysels wêze, dy oan ôfspraken hâlde, ensafuorthinne. En as dy regels yn it inerlik komme, dan ûntstiet dêr in thúslânskip dat de muoite wurdich is. Regels kinne dus foar in goede ynstelling soargje.
Mar sûnder wachters slagget dat net. Thús binne dat de âlders, oan board fan ‘De Tukker’ binne fjouwer begelieders. Dy rinne wacht om de jonge minsken op koers te bringen en te hâlden. Mar úteinlik moatte se it roer fan har libben sels yn hannen krije.

Skipsregels en libbensregels. Dy lêste kenne wy ek as de Tsien Wurden of Geboaden. De Israeliten hiene ûnder lieding fan Mozes in see fan in woestyn foar har. Hoe kinst dêr no trochhinne komme sûnder regels en it eigen inerlike lânskip fan in oase. Want oars hâldst it net fol. Dêrom krige it folk by de Sinaï de Tsien Wurden. Dy Wurden moasten har op ‘e rjochte rûte hâlde. Mar dy holpen de minsken ek oan har eigen inerlike lânskip: in geastlike oase middenyn de echte woestyn. Sa koene se it, soms stroffeljend, op ‘e fuotten hâlde om úteinlik yn it lân fan belofte oan te kommen.

Psalm 119, de langste fan allegearre, sjongt dêrfan:
Lit myn hert útgean nei jo útspraken.
Ik ha langst nei jo oarders.
Langst? Jawis, want it komt derop del dat de Tsien Wurden ús libbensboat op ‘e rjochte rûte hâlde, dat wy úteinlik winner wurde sille. Freegje skipper Douwe Visser fan Grou mar wat it is om kampioen te wurden. It is de freugde út ien stik, de ‘Freugde der Wet’, sa’t ien fan de joadske feesten hjit. Wolkom, freugde fan de wrâld. De sinne? Ja, mar dan as symboal fan it ljocht op dyn libbensrûte.

Hoe’t ús libben der dan krekt útsjocht? Dat kin hiel ferskillend wêze, want elk minske hat in eigen inerlik lânskip. Dat lânskip, dy ynstelling, dêr giet it om. Minske wurde út ien stik dy’t, as it nedich is, tsjin uterlike (lânswetten) wetten yn giet. Want it giet derom dat ús libbensboat op koers leit nei it messiaanske lân. Dat doel moatte wy foar eagen hâlde.

Image

Sjonge: Libbensfeart 2

Far net út ‘e haven wei
sûnder libbenswetten,
nim it skipskompas ek mei,
wolst de koers útsette.
Want sa sylt myn libbensboat
tusken oare yn de float
op ‘e wetterweagen
mei it doel foar eagen.

Image

7. Twadde part ferkundiging

Lêze: Ezechiël 33, 30 – 33
Sjonge: Psalm 119, 5
Ferkundiging:

Lietsjesjonger

Tukker, rjochtsregels, lietsjesjonger… dêr binne wy no oan ta. As de Bibel hjoed de dei noch skreaun wurde moast, dan hiene de wurden popstjerpopfestival grif yn de tekst stien.
Wy bliuwe efkes op ‘e klipper ‘De Tukker’. Ien fan de begelieders – litte wy him wachter neame – hat de bemanning by him roppen om útlis te jaan hoest de seilen reve moatst, as der min waar op komst is. Se steane om him hinne, harkje mei ien ear en mei it oare nei de flauwe grappen fan ien fan har maten: Reven om te overleven of Je kunt beter reven dan overgeven.
Soest as wachter net poer wurde, ast útlis jaan moatst yn sa’n situaasje? Boppedat is it fan libbensbelang om de kennis yn praktyk te bringen: Reven om te overleven.
As de wyn opstekt en útgroeit ta in stoarm en de bemanning hat net reefd, dan komt it op ‘e kop ferkeard, letterlik: de klipper giet oer de kop mei skipbrek as gefolch.

Wachter en lietsjesjonger. Dat wiene de rollen fan Ezechiël, dy’t yn 597 foar Kristus mei in part fan it joadske folk troch kening Nebukadnezer fan Babel yn ballingskip fierd is. Fiif jier letter wurdt er troch God roppen ta profeet. Hy moat oan de joaden yn Babel, yn Israel en oan oare folken it boadskip fan God bringe. Dat is oan de iene kant in boadskip fan ûnheil: Jeruzalem sil falle en de stêd sil mei de prachtige timpel fan Salomo ferrinnewearre wurde. Oan de oare kant mei er in heilsberjocht fertelle: it folk sil út ‘e ballingskip weromgean nei it lân fan belofte en Jeruzalem en de timpel wer opbouwe om de foarskriften fan de Tora nei te libjen.
Dan komt der yn it jier 586 foar Kristus – dan wennet Ezechiël al trettjin jier yn Babel – in boade út Israel, dy’t fertelt dat Jeruzalem fallen is. Ezechiël bringt dat boadskip oer oan syn lângenoaten. En dan komt it. Hat de profeet sels net yn de gaten hoe’t de lju reagearje?
Je hoeft in Babel niet te reven om te overleven.
Zelfs zonder te reven hoef je hier niet over te geven.
Mei oare wurden: wy ha it hjir goed en en kinne der wol op los libje.
Hat Ezechiël it net yn de gaten dat se him net serieus nimme? Yn alle gefallen moat er by God op palaver komme, hy kriget útlis oer de kromme rûte dy’t fearn wurdt:
Tink derom, do bist foar harren neat oars as in sjonger fan leafdessankjes, ien dy’t moai sjonge en prachtich op ‘e liere spylje kin; dyn wurden hearre se wol, mar se dogge der net neffens.

Wol wurden, gjin dieden. Grappen meitsje en mei de hannen yn de bûse op it dek stean, wylst de berûne loft stoarmwaar oankundiget. Dat giet op ‘e kop ferkeard. Wachter fan Israel, set boppe it bearen fan de wyn yn it want dyn lûd út, dat it skip yn feilige haven komt.

Hoefolle skippen befarre de see fan ús tiid? Dy figuerlike skippen binne net te tellen. It binne de skippen fan de ekonomy, finânsjes, kultuer, popfestivals, televyzje, ynternet en gean samar troch. Se meie der wêze, as der ek lûden opklinke fan wachters om it libben op ‘e rjochte rûte te hâlden en te bringen. En as dy wachters mar net oansjoen wurde foar popsjongers.

Wolkom, wachter fan de see,
loads om my te wizen
hoe te farren troch it stee
dêr’t de klippen rize.

Image

Sjonge: Libbensfeart 3

Wolkom, wachter fan de see,
loads om my te wizen
hoe te farren troch it stee
dêr’t de klippen rize.
Want sa sylt myn libbensboat
tusken oare yn de float
op ‘e wetterweagen
mei it doel foar eagen.

Image

8. Tredde part ferkundiging

Lêze: Mattéüs 14, 22 – 33
Sjonge: Liet 56
Ferkundiging

Spoek

Nei de rjochtsregels en de lietsjesonger binne wy oan de spoeken ta.
En sjoch, yn it westen berint de loft, de wyn hellet oan en swypket de weagen op. Wy krije op ‘e nij klipper ‘De Tukker’ yn it fizier. En dan giet it oan.

Ien fan de wachters ropt: “Alle heins oan dek!” En dêr komme se, doe noch jonge kriminelen dy’t om gjin sizzen joegen, no mannen dy’t op ien befel oandraven komme. “It lytse seil en fluch reve, mannen, want de wyn beart al troch it want!”
En dan bart it folgjende wûnder. De ploech, earst noch in gaotyske binde, skrept en skuort ienriedich om it túch oan te passen oan de omstannichheden. Wie yn it ferline it inerlik noch in gaos, in godferlitten oarde, no binne de inerlike lânskippen, as it derop oan komt, harmonysk fan foarm en kleur. En wat noch wûnderliker is, de inerlike lânskippen binne opinoar ôfsteld. Of om it op syn alledeisk te sizzen: de noazen steane allegearre deselde kant op, de superyndividualisten binne ta in team wurden. Freegje Douwe Visser mar hoe’t ‘Doarp Grou’ dit jier SKS-kampioen wurden is en hy sil ek sizze dat syn bemanning as team wurke hat. Hoewol’t de inerlike lânskippen net presys gelyk binne – de lânskippen yn de ferskillende parten fan Fryslân ferskille ek – se hearre wol byinoar. Se foarmje ien gehiel:

Dêr’t Reaklif sa swietkes lonket
yn de jûntiids-sinneskyn,
dêr’t it bokweitblomke pronket
tusken heid’ en beamguod yn,
dêr’t de Aldehou syn brommen
oeren fier soms dreunt yn ’t rûn,
dêr’t it tilt fan fee en blommen,
dêr is oeral Fryske grûn.

Ferskillende lânskippen, ien gehiel, de Fryske grûn. Werom nei ‘De Tukker’: hiel ferskillende jonge minsken, ien bemanning mei ien doel foar eagen: oer hege seeen, letterlik en figuerlik, nei de winkende haven, de himel op ierde, Sail Amsterdam, dêr’t ‘De Tukker’ op 17 augustus oen meidien hat.

No wurdt it tiid om it fiskersskip op ‘e See fan Galilea yn it fizier te krijen. De dei rint nei de jûn en ynienen komt de wyn opsetten, oer de bergen, glydt by de skeante del en falt op it wetter oan. De fisker-dissipelen, net frjemden yn dizze kontreien, litte de skoat fiere, mar net fier genôch, want de weagen rôlje oer bakboard yn it skip. Boppe it bearen fan de wyn út klinke de stimmen: werom… nee, oan de wyn… lit de skoat fiere… nee, oan dy skoat. De ferskillende lânskippen wurde fertsjustere troch eangst. It is in gaos fan foarmen en kleuren. Alles flokt meiinoar. En oer al dy lânskippen hinne raast de stoarm fan it needlot. Hoe kinne dy fisker-dissipelen dan noch har master kenne, dy’t oer de weagen oanrinnen komt?
Hy hat in pear oeren lyn de fiiftûzen iters fan bôle en fisk nei hûs ta stjoerd en Him weromlutsen op ‘e berch om yn de iensumens te praten mei syn Heit. En sjoch hoe’t syn inerlik lânskip waard as it paradys, hielendal ynsteld op it skeppende hanneljen fan de Skepper fan himel en ierde. Dêrom kin er oer de hege weagen fan it libben op syn dissipelen ta komme, folslein yn lykwicht mei wat boppe en ûnder is. Wat dêr sa godswûnderlik oan komt, sjogge de needlotsilers foar in spoek oan. Hoe kin it ek oars, as harren eigen lânskip gaotysk wurden is. Wêr’t it op oan komt by de oanlis fan it eigen lânskip, is fertrouwen, fertrouwen  op wat fan boppen jûn wurdt en wat soarget foar it grûnflak ûnder de fuotten.
As de Skipper oan board stapt en de wyn him deljout, falle se foar Him del en sizze: “Ja, Jo binne de Soan fan God!”

En wy, preamfarders? Wy hoege net yn noed te sitten oer it berikken fan de feilige Broekster haven. Dêr soargje straks ús kundige skippers wol foar.

Mar, hoe sit it mei dyn eigen libbensboat?
Do farst mei de wyn op ‘e kop oer rûge see.
Dyn harmonysk inerlik lânskip rûzet de wyn fan Gods Geast oer.
Do sjochst Him oan kommen, rinnend oer de libbensweagen.
Hy winkt en do stapst sûnder wifeling oer de râne fan dyn boat.
Dan rinst op Him ta, yn fol fertrouwen.
Syn en dyn eigen lânskip binne folslein opinoar ôfstimd.
“Do, skipper,” seit er, “kom nêst my.”
En sa rinsto, as skipper nêst God.
Mei as bestimming: Sail Heaven.
Amen

Image

Sjonge: Libbensfeart 4 en 5

Stiet de see sa hol en heech,
raast de stoarm oer ’t wetter,
is it foar it skipsfolk dreech,
wurdt it ek net better.
Skipper, rêd ús libbensboat,
want dy rekket út ‘e float,
op ‘e rûge weagen
is ’t ús swart foar eagen.

Skipper, stap by ús oan board,
nim it roer yn hannen,
far ús nei in feilich oard,
frij fan alle bannen.
Want dan sylt ús libbbensboat
yn de messiaanske float
op ‘e wetterweagen,
’t frederyk foar eagen.

Image

9. Us Heit

10. Sjonge: Ik fiel jins wyn hjoed waaien, God

Ik fiel Jins wyn hjoed waaien, God,
en heech set ik it seil.
Tehaav’ne is ‘t, mei skom bespat,
mar ‘k hoopje op Jins heil!
Te roere stiet Jins eigen Soan,
Hy stjoert nei feil’ge ree.
Ik doar mei Him de reis wol oan
oer wylde, hege see!

De triennen dy’t ik skrieme moast,
binn’ droege fan Gods wyn;
ik wit net mear hoe ‘k stúmje doarst
oer muoiten lang ferlyn.
No haw ik nije libbensmoed
en fêst is myn beslút:
ik fiel Gods winen waaien hjoed
en syl de haven út.

O, lit my nea ferjitte, Hear,
hoe’t my Jins leafde laat;
lit foar my stean hoe dearlik sear
Jins holle kroane waard.
Oan Jo betrou ik my alhiel
by ’t oangean fan de reis,
no’t ik Gods winen waaien fiel:
lied Jo my ûnderweis!

Image

11. Seine

Image

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum