Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Religy category

admin

Liet fan Sacharja

Religy
PDF Print E-mail
Wize: In spyltúch bin ik yn Gods hân

Image

Sacharja waard in heilsprofeet,
mar earst moast hy noch sjen
hoe’t Sion kaam yn grutte need,
hy wie noch mar in bern:
de muorre lei al lang yn pún,
it timpelplak wie leech,
hy dreamde fan in blommetún,
syn langstme rikte heech.

Sacharja kriich noch mear te sjen,
acht kear in fisioen;
wie yn ’t ferline ’t sicht ferlern,
it romme eachweid wûn:
de muorre waard beskermjend fjoer,
de timpel kriich in plak,
elk hie yn Sion op ‘en doer
in feilich ûnderdak.

Dus Sion, jubelje it út:
de Kening komt deroan,
de rop klinkt lûd fan noard nei súd:
hjit wolkom Davids Soan!
Gjin hynder komt deroan te pas,
in ezel rint nei ’t stee
dêr’t frede makket freugde los,
dy’t klinkt fan see oant see.

Sacharja seach noch ta beslút
Jeruzalem as heechste stee:
it wetter streamt de poarten út
de kant op fan de see;
it moarnsrea komt net oan de loft,
de dei bliuwt altyd dei,
de rêst rint troch fan skoft nei skoft,
dêr is de ein fan wei.

Sjoch ekReligy Tsjinst fan in lytse profeet 

admin

Tsjinst fan in lytse profeet

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 8 novimber 2015 yn Drylts

Image

1. Tarissing

Wy binne fan ‘e moarn by elkoar kommen
om de tsjinst fan in lytse profeet te fieren,
syn namme is Sacharja,
tagelyk is it de tsjinst fan de leafde,
want troch de leafde fiele wy ús
mei God en elkoar ferbûn.

Us help en de leafde komme fan God,
Skepper fan himel en ierde,
dy’t tsjin alle lijen op ierde yn
fêsthâldt oan wat Hy tasein hat,
it Godsryk dat kommendeweis is.

2. Sjonge
Liet 283: 1, 2 en 3

3. Bea

God dy’t leafde is,
de rêst fan de Dryltster Fermanje sûzet om ús hinne
en dêr kinne wy ús in oere oan oerjaan.
Wy ha ús weromlutsen út it stoarmjen fan de tiid,
de berjochten oer demonstraasjes, geweld, oarloggen
en tichterby wat ús berikt oan ûngelokken, sykte en dea.

Wy tankje dat wy hjir noch altyd in twadde thús fine
om net allinnich ta rêst te kommen,
mar ek om jo wurd oan te hearren en om te sjongen.

As wy ta rêst kommen binne, harke en songen ha,
jou ús dan nije dreamen fan leafde yn ús lytse
en yn de grutte wrâld.

Wy bidde om leafde ûnder elkoar,
om begryp foar wa’t flechte binne
foar oarloggen dy’t mar duorje.
Wy bidde om frede wêr’t rúzje is,
om frede yn Syrië, Irak en Jemen.

Wy bidde om sûnens foar wa’t siik binne,
selskip foar wa’t yn iensumens ferkeare,
om treast foar wa’t fertriet ha om in leave neiste.

Oan Jo, dy’t ús by namme kenne, freegje wy:
meie wy yn dizze oere yn jo leafde diele.
Amen

 4. Sjonge
Liet 283: 4 en 5

5. Ynlieding

Hat yn dizze tsjerke wolris in tsjinst west oer in lytse profeet?
In lytse profeet, wa moatte wy ús dêrby foarstelle?
Ha wy se net op in rychje leare moatten, tagelyk mei alle oare bibelboeken fan it Alde Testamint?
Hjir komme se : Hoséa, Joël, Amos, Obadja, Jona… (Jona is yn dizze Fermanje grif ris út ‘e grutte fisk spuid), Micha, Nahum, Habakuk, Sefanja, Haggai, Sacharja , Maleächy… (jawis ‘Malle Achy’).

Image

Ik ha my ôffrege hoe’t it komt dat dizze profeten sawat nea yn de tsjerke de gelegenheid krije om de mûle iepen te dwaan.

Soe it komme om’t it lytse profeten binne?
Jesaja of Jeremia, jawis dy wol, want dat binne de grutte profeten.
Jesaja sprekt faakris oer de komst fan de Messias en dat klinkt ús folle fertrouder yn de earen.

Of soe it komme dat profeten ús net mear oansprekke?
Wa hat it tsjintwurdich noch oer profeten? Dan bist wol ien fan de âlde tiid.
Wy binne wol bekend mei de beursprofeten, hoewol’t dy in oare namme ha, nammentlik beurs-analisten. Oan de beurs fertrouwe in protte riken (allinnich riken?) har jild ta. En de analisten miene
o sa goed te witten wat de trend is. Se foarsizze it leafst omheechrinnende koersen.
Mar o wee, as ynienen de trend omslacht, dan slaan de emoasjes ta en reitsje de beursprofeten yn panyk. Kinne wy dan net better sprekke fan falske profeten?

Emoasjes… gefoelens, dêr is yn prinsipe neat mis mei. As dy gefoelens mar echt binne, út ‘e djipte fan ússels weikomme.

De Belgyske filosoof Arnold Kornelis hat in boek skreaun: ‘Logica van het gevoel’.
Hy seit dat ús djipste gefoel ûnbewust is, mar dat ûnbewuste gefoel stjoert ús dwaan en litten wol.
Dat dwaan en litten spilet him yn it foarste plak ôf yn de eigen húshâlding by heit en mem
en yn de religy, foar ús as kristenen yn de gemeente.
Dat neamt Arnold Kornelis it natuerlike systeem. Yn de húshâlding en de gemeente fiele wy ús op in natuerlike manier thús, de plakken dêr’t wy burgen binne en dêr’t ús gefoelens in feilich stee fine. As in bern him net burgen fielt by heit en mem, syn gefoelens net frijút uterje kin, dan rekket sa’n bern it paad kwyt. Kornelis sprekt yn dit ferbân fan ‘verdwaling’.

Yn dizze tsjinst sil it oer in lytse profeet gean: Sacharja (Zacharia).
Syn namme  betsjut: De Heare tinkt deroan.
Tinke? Mar it gie dochs foaral om it gefoel?
De Heare kin der allinnich mar oan tinke út syn leafde wei.
En wat is der djipper as it gefoel fan leafde?
Soene wy dan net leaf ha?

6. Sjonge
Psalm 116: 1, 3, 6 en 8

7. Lêze
Sacharja 1, 1-4

Image
Michelangelo

8. Sjonge
Liet fan Sacharja: 1 en 2
Wize: In spyltúch bin ik yn Gods hân

Sacharja waard in heilsprofeet,
mar earst moast hy noch sjen
hoe’t Sion kaam yn grutte need,
hy wie noch mar in bern:
de muorre lei al lang yn pún,
it timpelplak wie leech,
hy dreamde fan in blommetún,
syn langstme rikte heech.

Sacharja kriich noch mear te sjen,
acht kear in fisioen;
wie yn ’t ferline ’t sicht ferlern,
it romme eachweid wûn:
de muorre waard beskermjend fjoer,
de timpel kriich in plak,
elk hie yn Sion op ‘en doer
in feilich ûnderdak.

9. Ferkundiging 1
Sacharja

Image

Fan de lytse profeten is net folle bekend. Miskien dat se dêrom net sa populêr binne. Wy wolle ommers graach alles witte oer bekende persoanen. Dêrom komme dy ek faak foar it fuotljocht op televyzje en yn kranten en tydskriften.
Fan Sacharja witte wy allinnich dat er út in prysterlaach komt en dat er libbe hat yn de tiid dat syn folk yn ballingskip yn Babel wie en nei de ballingskip doe’t in part fan dat folk weromkommen wie.
Hat er sels balling west? Hy skriuwt dêr yn syn boek net oer.
As de húshâlding dêr’t er yn grutbrocht is, yn it eigen lân achterbleaun is, hat er grif gjin maklike tiid hân. Wol yn de húshâlding sels, want yn dat natuerlike miljeu moat er him burgen field ha. Syn âlden hawwe grif oanfield wat yn it lytse mantsje omgong. Oars hied er letter as profeet net sa’n rom inerlik hân, dêr’t de acht fisioenen dy’t er kriich, yn opheind wurde koene.

Mar doe’t Sacharja fierder seach as de húshâlding, waard er de púnheapen gewaar dy’t de Babelske kening yn 586 foar Kristus achterlitten hie.  De soldaten fan Nebûkadnessar hiene de muorren fan Jeruzalem delhelle en de stêd mei de prachtige timpel fan Salomo yn de brân stutsen.
Sacharja syn heit hat miskien wol tsjin him sein: ‘Sjochst, myn jonge, dat Jahweh gjin plak mear hat yn Jeruzalem? Hoe kin ik as timpelpryster syn leafde noch opheine?’
‘Mar heit, komt der dan nea wer in timpel?’
‘Wa wit, do hjitst net fergees Sacharje, de Heare tinkt deroan’.
‘Wêroan, heit?’
‘Oan syn leafde foar Jeruzalem en it hiele folk.’

Op it stuit dat de heit fan Sacharja dit sei, stie it der dus min foar mei it leauwe yn Jeruzalem en omkriten. Wy soene sizze dat der gjin gemeente wie, it natuerlike plak foar de leafde foar Jahweh en de neiste. It earste thús (de húshâlding) wie der wol, mar it twadde thús (de timpel) net mear.

Doe’t Sacharja in part fan it folk út ‘e ballingskip weromkommen seach, deawurch en swier teloarsteld fanwege de púnheapen fan Jeruzalem, moat er oanfield ha dat dit net sa bliuwe koe.
‘Hoe kin dit?’ fregen se oan de jongkeardel.
‘Jim ha gelyk,’ antwurde Sacharja, ‘dit kin sa net.’
‘Wêr moatte wy wenje?’
‘Der moat boud wurde,’ antwurde er.
‘Op ‘e púnheapen?’
‘Us foarâlden ha in púnheap fan it libben makke,’ antwurde er.
‘En wy dan?’
‘Jim moatte by de Heare Almachtich weromkomme, dan sil Hy wer by ús komme.’

Fan dy tiid ôf fielde Sacharja him út ‘e djipte wei roppen as profeet. Weromkomme, dat wie it wurd. It folk wie weromkommen út ‘e ballingskip, soe weromkomme by de Heare Almachtich en de Heare kaam werom by syn folk.

Doe krige Sacharja mei syn inerlik each acht bylden te sjen. In ingel spriek dêrby wurden, dy’t by him it gefoel oprôpen dat hy thúskaam yn de romte dy’t de Heare Almachtich sels foar him boude. Dat wie de inerlike romte fan it wiere leauwen. Hoe soe hy, Sacharja, dan net oproppe om in romte foar de Heare Almachtich te bouwen, de timpel?

Yn it earste fisioen dat Sacharja krige, seach er fjouwer ruters op hynders yn ferskillende kleuren. Sy hiene de hiele ierde oer west en fêststeld dat yn alle fjouwer wynstreken rêst hearske.

Image

Ruterfisioen

De Iene liet Sacharja sjen
wat Hy fan doel wie yn it tiidsferrin,
in ingel spriek dêrby it wurd,
sa kriich it byld in djippe sin.

As earste kaam it fisioen
fan mannich hynder, read en brún en wyt,
de ruters krigen doe it wurd,
de wrâld koe tsjûgje fan har flyt.

Se rieden hiel de ierde oer
mei iepen each en ear, der hearske rêst,
faaks wie it no de tiid fan ’t Wurd
dat klinke soe: de ein fan ’t lêst.

De Iene spriek de ingel oan,
’t wurd dêr’t Sacharja noch gjin ear foar hie,
de toan wie myld, in freonlik wurd,
de ingel joech de godsman rie:

Lit hearre oan Jeruzalem:
de Iene brânt fan leafde foar de stêd,
syn hûs wurdt boud, byld fan it Wurd,
de oerfloed makket Sion sêd.

10. Sjonge
Liet fan Sacharja: 3 en 4

Dus Sion, jubelje it út:
de Kening komt deroan,
de rop klinkt lûd fan noard nei súd:
hjit wolkom Davids Soan!
Gjin hynder komt deroan te pas,
in ezel rint nei ’t stee
dêr’t frede makket freugde los,
dy’t klinkt fan see oant see.

Sacharja seach noch ta beslút
Jeruzalem as heechste stee:
it wetter streamt de poarten út
de kant op fan de see;
it moarnsrea komt net oan de loft,
de dei bliuwt altyd dei,
de rêst rint troch fan skoft nei skoft,
dêr is de ein fan wei.

11. Lêze
Sacharja 9. 9-10
Markus 12, 28-34

12. Sjonge
Liet 320: 1, 2 en 3

13. Ferkundiging 2
Jezus

Image
Rembrandt

Dêr is stiet dan de Fredefoarst, Jezus, in profeet allinnich foar gelearde wetlearaars oer. Lykas Sacharja as profeet allinnich stie foar it folk dat weromkommen wie út Babel.
‘Hoe kin dit?’ fregen se Sacharja.
‘Jim ha gelyk,’ antwurde Sacharja, ‘dit kin sa net.’

‘Hoe kin dit, dy ferrizenis út ‘e deaden?’ fregen de wetlearaars.
‘Jim ha ûngelyk,’ antwurde Jezus, ‘jim binne folslein yn de war, om’t jim dêr net yn leauwe.’

Dat is it antwurd fan de Fredefoarst, oer wa’t Sacharja mei fjoer sprutsen hie: ‘Jubelje bliid, dochter Sion, dochter Jeruzalem, sjoch de kening komt nei dy ta.’
As it folk weromkomt, dan komt de Heare Almachtich nei it folk, hied er earder profetearre.  En harkje, no ropt er út dat de kening  komme sil.

En dêr stiet Hy dan, de Fredefoarst, wylst ien fan de wetlearaars nei foaren komt en nêst Jezus stean giet, net letterlik, mar om’t er it mei Him iens is.  Hy hat noch wol in fraach, want dizze gelearde man lit syn ferstân wurkje: ‘Wat is it alderearste gebod?’
Hoewol’t er alle wetten yn syn brein goed op in rychje hat… do silst dit net en do silst dat net… kin er mar net foar it ferstân krije wat it alderearste komt. Mar dat is yn it foarste plak ek gjin kwestje fan it ferstân. It moat út ‘e djipte fan it gefoel weikomme. Hy mient wol dat er thús is yn de wetslear, mar hat net troch dat er thúsreitsje moat yn syn eigen inerlik, dêr’t romte is foar de leafde.
Der binne withoefolle wetten, mar der is mar ien inerlike romte.
Der binne withoefolle ôfgoaden, mar God is de iennichste Hear, de Iene.

Dat bringt Jezus him net oan it ferstân, mar dêr komt Hy him mei op it gefoel, noch djipper: dat nimt syn hiele gefoel yn beslach: ‘Do silst God leafhawwe mei dyn hiele hert, dyn hiele siel, dyn hiele ferstân (dit komt op it tredde plak) en dyn hiele krêft.’

Sacharja soe nêst Jezus stean gean kinne en sizze: ‘Wis, Fredefoarst, want de Heare Almachtich hat in brânende leafde foar Sion, foar Jeruzalem.’
Jezus soe dêrop reagearje kinne mei: ‘Wis, profeet, in brânende leafde foar hiel it folk, foar alle folken, om’t de minsken Him nei steane. Dêrom moatsto net allinnich God leafhawwe, mar dyn neiste ek, sast dysels leafhast.’

‘Amen,’ seit de wetlearaar, ‘sa is it.’
Koarter kin it net, soe men sizze. Mar de wetlearaar bliuwt no ienkear learaar. De herhelling is de master foar it ûnthâld, sil er tinke, en hy herhellet alle wurden fan Jezus. Dus dochs it ferstân op it foarste plak?
Dan komt it: ‘De leafde is mear wurdich as alle brân- en fleisoffers.’
De learaar fan de wet is feroare yn de profeet fan de leafde.
Net ‘do moatst dit offer en dat offer bringe’, mar de leafde komt op it foarste plak, riist út ‘e djipte
fan it gefoel wei nei in freugdefolle hichte.
‘Jo binne net fier fan it Godsryk,’ seit Jezus.

Fisioen fan de mjitline

De Iene liet Sacharja sjen
wat Hy fan doel wie yn it tiidsferrin,
in ingel spriek dêrby it wurd,
sa kriich it byld in djippe sin.

Ik sloech de eagen op en seach
in man, hy hie in line yn de hân;
ik frege wêr’t er hinne gie
te mjitten yn ’t ûnthjitten lân.

Syn antwurd sloech net op it lân,
mar op ‘e timpelstêd, Jeruzalem,
hoe lang en breed dy stêd wol wie,
de ingel sei: ‘Sis do tsjin him
it hat gjin doel, syn mjitterswurk,
omdat de stêd gjin muorre nedich hat,
de Iene jout syn fjoer as stie
sa’n muorre dêr, wiswier dat bart.

It fjoer fan Gods leafde om Jeruzalem, om de Menniste gemeente fan Drylts en om it Godsryk hinne.

14. Sjonge
Liet fan de leafde: 1, 2 en 3
Wize: Liet 446 út it Lieteboek foar de tsjerken

Al spriek ik mei in ingelstim
en song ik himelsk heech,
as ik de leafde net fernim,
dan wurdt it libben dreech.

Al wist ik alles fan de wrâld
en tsjûge as profeet,
as ik net fan myn neiste hâld,
dan reitsje ik yn need.

Al skonk ik earmen al myn jild
en joech myn lichem wei,
as ik de leafde net mear fiel,
dan stiet it libben faai.

15. Ferkundiging 3

Elkenien dy’t hjir fan ‘e moarn yn tsjerke sit, hat in thús, wat oars is as by de flechtlingen dy’t yn ús lân in thús sykje. It thús fan elk fan ús is ferskillend: guon libje yn in húshâlding, de âlderen ûnder ús libje meastal allinnich, om’t se de leave neiste ferlern ha. Is it dan net dreech om jin noch yn it libben thús te fielen? Yn alle gefallen is it eigen hûs of de eigen romte yn in fersoargingshûs it natuerlike miljeu foar it gefoel om thús te wêzen… hiel oars as de púnheapen fan Jeruzalem, dy’t it folk seach doe’t it weromkaam út ‘e ballingskip. It wie as kaam it ûnwennige gefoel dat se yn Babel hiene, werom yn Jeruzalem.

Image

Mar hoe sit it mei jim twadde thús, de gemeente, dy’t neffens filosoof Arnold Kornelis ek in part is fan it natuerlike systeem? Ik twivelje der net oan as jim fiele jim yn dizze gemeente thús. Jim soene jim twadde thús net graach misse wolle. Nei elk jier, as ik hjir wer foargean mei, konstatearje ik wol wer in leech plak.
Mar de Menniste gemeente fan Drylts giet troch, want wêr’t twa of trije yn de namme fan de Fredefoarst by elkoar binne, dêr wurdt mei boud oan it Godsryk, it ryk fan de leafde. Is it fjoer fan Gods leafde net as in muorre om de gemeente hinne?

Mar as dy twa of trije sakje nei ien? Ien foar alle oaren oer, lykas Sacharja allinnich stie foar it folk en Jezus foar de wetlearaars oer? Wurdt dy iene dan net in lytse profeet/profetesse, dy’t by wize fan sprekken opropt om mei de leafde oan it Godsryk te bouwen?
Want de heilsskiednis fan de leafde giet troch oant it hiele folk úteinlik thúskomt.
Amen

16. Oargelspul

17. Sjonge
Liet fan de leafde: 4, 5 en 6

De leafde hâldt de moed deryn
en leit de oergeunst ôf,
is foar de pronk en grutskens blyn,
hat each foar treast en trou.

De leafde kin de tsjinstân oan,
is mei it leauwen ien,
se set de hope yn foar moarn,
ferliest it fan gjinien.

Oan profetearjen komt in ein,
de talen reitsje stom,
want alles is dan alris sein,
mar leafde komt werom.

18. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

19. Sjonge
In spyltúch bin ik yn Gods hân: 1, 2, 3, 4, 5 en 6

Image
Jan de Bray

20. Seine

Wy geane út ‘e rêst fan dizze tsjinst
de wrâld wer yn, dêr’t it faak stoarmet.

Wy meie witte dat de leafde fan God
mei ús wêze sil
hjoed, moarn en alle dagen
oant de lêste dei fan ús libben.
Amen

21. Sjonge
Liet 415: 3

Meitsj’ ús trou yn ’t striden,
moedich yn ’t beliden:
‘Jezus Kristus is ús Hear.’
Amen, God, jo namme d’ ear!

Image

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum