Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Religy category

admin

Liet fan de tuskentiid

Religy
PDF Print E-mail
Liet 90a

It libben rint mei troch de tiid
en hâldt him dêroan fêst,
gjin tel dy’t stiet of stadich giet,
de oere fynt gjin rêst.

De tiid is mei de dei begûn
dy’t kaam te stean yn ’t ljocht,
doe is de tiid nei ’t libben rûn,
dat mei de dagen fljocht.

De Iene seach syn skepping oan,
it lei net oan de tiid,
de minske hie syn dei bedoarn
mei tsjusternis en striid.

De Soan waard berne mei de tiid,
Hy sloech gjin oere oer;
al harkjend nei it fûgelliet,
joech Hy de minsken stjoer.

Nei Kristus hold de tiid gjin skoft,
de wolken driuwe oer,
de minsken sjogge nei de loft,
sy hawwe rêst noch doer.

Wy libje yn de tuskentiid,
de ein bliuwt noch lang wei,
dochs klinkt de tiding wiid en siid:
der komt in nije dei.

Image

Sjoch ek: Religy Tsjinst fan de tuskentiid

admin

Tsjinst fan de tuskentiid

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 10 april 2016 yn Drylts
Nij Lieteboek

Image

1. Tarissing

Op dizze twadde snein nei Peaske
ljochtet mei de ferskining fan Jezus
in nije tiid op.
Mar de tiid dêr’t wy al salang
nei útsjogge, it Keninkryk fan God,
is noch net oanbrutsen.
Wy libje wol yn in spannende tiid,
in tiid fan rampen en de belofte
dat it Keninkryk komme sil.

Dy belofte klinkt ek troch by dit begjin:

Us help komt fan God,
dy’t himel en ierde skepen hat,
dy’t trou is oant yn ivichheid
en dy’t syn wurk ôfmeitsje sil.
Amen

2. Sjonge
Liet 213: 1. 2 en 3

3. Bea

God fan de ivichheid,
yn dizze moarntiid yn de maitiid
komme wy út it tsjuster fan de nacht wei
mei de ferwachting dat ek op dizze snein
ús hert oan it ivich ljocht ûntstutsen wurdt.
Ommers, wêrom komme wy oars nei de Fermanje ta?

Troch alle rampen yn dizze wrâld
en troch persoanlike swierrichheden
is ús geast wurch wurden en yn betizing rekke.
Meie wy dan fan ‘e moarn oplibje
troch de daudrippen fan jo trou
en de gloede fan jo leafde.
Want dan krije wy nije moed
foar de kommende wike
en geane wy de nije dei
fan jo kommende Keninkryk
mei rjochte rêch en optilde holle
yn de mjitte.
Amen

4. Sjonge
Liet 213: 4 en 5

5. Ynlieding

Een, twee, drie, vier, komt er nog wat van,
vijf, zes, zeven, acht, wij wachten al zo lang.

Dit rymferske ha ‘k de bern wolris sjongen heard, bygelyks foar de komst fan Sinteklaas. Gjin wûnder, want it foarútsicht op syn goede jeften makke de jonges en famkes ûngeduldich. Se seagen it leafst foarút en net achterom, want wa woe no weromsjen op wat der net doogd hie?

De fraach komt op hoe’t wysels de tiid ûnderfine. Fan âlderen heart men faak dat de tiid fierstente rap giet: hoe âlder ast wurdst, hoe flugger de dagen fleane, teminsten ast dy net iensum fielst.
Mar dochs spilet it ûngeduld by ús soms ek op. Net: wêr bliuwt Sinteklaas, mar wannear komt Jezus no einlings werom?
Ferwachtsje yn dizze tsjinst net it antwurd op dy fraach, want dat wist sels Sint Nikolaas fan Myra net.

Image

Yn 1973 is it berneboek ‘Momo en de tiidsparders’ fan Michael Ende útkommen, in boek dat noch altyd aktueel is. It famke Momo libbet yn in stêd dêr’t de tiid syn gewoane gong giet. Op in kweade dei komme der hearen yn grize pakken, dy’t de minsken derfan oertsjûgje dat se hurd oan de slach moatte om safolle mooglik tiid te sparjen. De sparre tiid kinne se by de grize hearen ynleverje, dy’t de tiid opslaan yn in klûs. Op ’t lêst binne der noch mar twa yn de hiele stêd dy’t gjin tiid sparje, Momo en master Hora. Momo boartet troch, giet op yn har spul en genietet fan de bloeiende blommen en sjongende fûgels. Master Hora, de behearder fan de tiid, moat fansels neat ha fan it tiidsparjen. As er de tiid stilset, reitsje de tiidsparders yn panyk en geane op yn it neat. It slagget Momo om de klûs iepen te meitsjen en sa krije alle ynwenners de tiid werom.

It ferhaal fan Momo leart ús dat wy net drave moatte om tiid te sparjen en tagelyk dat wy opgean meie yn de tiid, sa’t in bern opgiet yn syn spul. Wy meie genietsje fan de fûgels yn de loft en de blommen yn de maitiid.

Om gear te fetsjen, de trije mooglikheden om mei de tiid om te gean, binne:
– Troch de dagen hinne drave om tiid te sparjen: alles moat yn in heech tempo en sa effisjint mooglik.
– Mei ûngeduld troch de stadige tiid panderje: ‘een, twee, drie, vier, komt er nog wat van?’
– Yn de tiid opgean troch fan de dagen te genietsjen, lykas Momo die.
Op dy wize libbest folop tusken alles wat op dy ôfkommen is, sa libbest yn in soarte fan tuskentiid:
do litst achter dy wat west hat en litst op dy takomme wat de muoite wurdich is.

Yn dizze tsjinst litte wy de profeet Jeremia oan it wurd: hoe gie hy mei de tiid om?
Wy krije ek bylden foar eagen oer de eintiid.
Om dy parten te lêzen, soe tefolle tiid freegje, dêrom fertel ik dêroer yn de earste en tredde ferkundiging.
Yn de twadde ferkundiging giet it oer Jezus yn de tuskentiid, de tiid tusken opstanning en himelfeart.

6. Sjonge
Liet 748: 5

7. Ferkundiging 1
Jeremia

Image
Ernst Alt

Wy geane 2600 jier werom yn de tiid, doe’t Jeremia profeet yn Jeruzalem wie. Hy libbe yn in benearjende tiid, sawol polityk as persoanlik.
De polityk fan kening Nebûkadnessar fan Babylonië wie derop rjochte om de hiele doe bekende wrâld te feroverjen. Syn leger lei foar de poarten fan Jeruzalem. Kening Sedekia fan Juda siet yn syn paleis yn Jeruzalem en woe de stêd net oerjaan.
Jeremia gong tsjin de polityk fan de kening yn. Hoe koe in profeet ek oars as er fan de Iene trochkrigen hie dat Jeruzalem yn pún reitsje soe en dat de kening fuortfierd waard nei Babel.
Dat noaske Sedekia net en dêrom hie hy Jeremia fêststette litten op it binnenplein fan de wachtpost. In persoanlik drama foar de profeet fansels, isolearre fan it folk dêr’t er út fuortkommen wie. Hy waard sjoen as lânferrieder, freon fan Nebûkadnessar.

Mar dan komt yn dy benearjende tiid en dy dûbele krisis, sawol polityk as persoanlik, syn neef Chanamel op besite. Wat aardich, soest sizze, dat famylje it ferfelende ferrin fan de tiid trochbrekt. De dei libbet der suver fan op. Mar de besite is net bedoeld as ferdivedaasje, want Chanamel komt mei in boadskip, hat hannel yn it sin. Hy hat in hoeke lân te keap en wol dat oan Jeremia ferkeapje. Is er bang dat it leger fan Babylonië it ûnder de learzens ferwâdzje sil? Wy komme net te witten wat yn de neef fan Jeremia omgiet, mar wol syn argumint: ‘Keapje it, Jeremia, want do hast der erfrjocht op… wis do silst it op ‘en doer wol ervje, mar wêrom soest it no al net fêst yn besit nimme?’
Soe Jeremia net opspatte en roppe: ‘Hoe krigest it yn de plasse om my yn dizze benearjende tiid, wylst ik yn de sel sit, my lân te ferkeapjen?’
Jeremia is net foar neat profeet, hy hat fan de Iene trochkrigen dat syn neef komme soe. Hy wurdt him bewust dat it mei de keap fan it lân net allinnich om jild te dwaan is, mar dat de keap in betsjutting hat.
Der wurdt in keapakte opmakke en in kopy fan de akte skreaun. Dan komt op ‘e keapakte in segel as teken dat de keap wier sletten is. Keapakte en kopy docht de profeet yn in ierden pôt, sadat se in lange tiid feilich bewarre bliuwe.
In lange tiid, in tuskentiid, in tiid fan wachtsjen oant de benearjende tiid foarby is. Hear wat de profeet te sizzen hat: ‘Der komt in tiid dat yn dit lân wer huzen, boulân en wyngerds ferhannele wurde, in tiid om nei út te sjen.’
En Jeremia sloech de eagen op nei de himel, seach yn ferbylding it nije ryk fan David.

Image

8. Sjonge
Liet 756: 1, 2, 3, 4, 5, 6, 7 en 8

9. Lêze
Lukas 24, 36-49

Image
Ducio di Buoningsegna

10 Sjonge
Liet 556: 1 en 2

11. Ferkundiging 2
Jezus

Dêr sitte se om de tafel hinne, de dissipelen, soms is der efkes praat oer wat de froulju en Petrus sjoen ha. Mar dy kinne harren mear fertelle… of better swije, want it is amper te leauwen. Se ha krekt in bakt fiskje behimmele. Wat moatte se oars dwaan as sitte en de mage syn gerak jaan. Se ha neat te dwaan, de tiid krûpt foarby. Se libje tusken ‘it sil wol’ en ‘as it no dochs ris wier is’, tusken twivel en ferwachting. It is foar de dissipelen in soarte fan tuskentiid.
Ynienen makket Jezus in ein oan de tuskentiid. It is net nedich it ferhaal te werheljen, wy ha it krekt lêzen.
Oan de ein fan Jezus syn koarte preek krije de dissipelen te hearren dat der foar harren in nije tiid oanbrekke sil, de tiid mei de geast fan boppen, de Hillige Geast.
Dat is it ferhaal dat Lukas oan de ein fan syn earste boek fertelt.
No folget it ferhaal fan in 56-jierrige frou:

Ik ben opgevoed in een arm, kwetsbaar gezin. Het milieu was niet zo goed voor mij, maar het was een gelovig en kerkelijk milieu. Ik heb regelmatig bijzondere ervaringen, al van mijn 20ste, ik zal nu mijn mooiste ervaring beschrijven… Ik bad tot Jezus en hoopte op een ervaring van Hem. Ik had niet verwacht dat het zou gebeuren… Opeens zag ik Christus die mij zijn ogen liet zien, vol liefde… Christus was wit, liefdevol, bewogen, barmhartig… Het duurde ongeveer een half uur.

Jezus by de dissipelen yn de tuskentiid, de tiid tusken twivel en ferwachting.
Jezus by de 56-jierrige frou, ek yn de tuskentiid, foar de frou de tiid fan in duorjende ferwachting, noch net de eintiid.

Image

12. Sjonge
Liet 556: 3 en 4

13. Ferkundiging 3
It Laam

Sawat 700 jier nei Jeremia is it wer in benearjende tiid. It is sa’n njoggentich jier nei de berte fan Jezus Kristus. De Romeinen binne de baas yn de hiele doe bekende wrâld. De kristenen hawwe it dreech, wurde ferfolge en yn Rome foar de liuwen smiten. Geregeld klinkt de fraach wannear’t Jezus delkomme sil op ‘e wolken, want hat Hy net sein dat guon fan syn dissipels dat noch meimeitsje sille? ‘Een, twee, drie, vier, komt er nog wat van?’

Image
Diego Velázquez

Jehannes, ien fan de noch libjende apostels, is ûnderwilens al fier oer de njoggentich en hat him weromlutsen op it eilân Patmos. Dêr giet foar him de himel iepen, mar yn plak fan Jezus op ‘e wolken, kriget er bylden foar eagen, fisioenen.
Hy sjocht de Iene op ‘e troan sitten mei in boekrôle yn de rjochterhân, dy’t fersegele is mei sân segels, de boekrôle dêr’t it geheim fan Gods takomst yn stiet. Om de troane hinne steane fjouwer wêzens: in liuw, in keallebolle, in minske en in earn. Se fertsjintwurdigje de fjouwer wynstreken, dus de hiele ierde. Fierder steane om de grutte troan hinne 24 lytsere troanen , dêr’t de âldsten op sitte, yn wite klean en mei gouden kroanen op ‘e holle. Sy fertsjintwurdigje de 24 oeren fan dei en nacht, teken dat God de tiid bestjoert.
Ynienen klinkt de stim fan in ingel: ‘Wa hat it rjocht om de segels te ferbrekken en de boekrôle iepen te meitsjen?’
Ien fan de âldsten komt oerein en ropt: ‘Dat rjocht komt de Soan fan David ta!’
En sjoch, dêr stiet it Laam. De wêzens en âldsten falle foar it Laam op ‘e knibbels. As de boekrôle oanrikt wurdt, sjonge se Him in lofliet ta. Tûzenen en nochris tûzenen stimmen fan ingels falle ek yn:

Foar Him dy’t op ‘e troane sit
en foar it Laam
de lof, de eare, de hearlikheid
en de krêft
yn alle ivichheid!

Image
Bruorren Van Eyck

Dan ferbrekt it Laam segel nei segel en sjoch :
de boekrôle is as in byldboek, libbene bylden, as in film fan rampen en fan withoefolle minsken yn wite klean, de ferlosten. Dat is dus de takomst fan de Iene: rampen en ferlosten.
Wy werkenne it earste, want wy libje der tuskenyn, op ierde folget de iene ramp nei de oare. Mar de ferlosten yn wite klean? Binne dat ús foarâlden, pakes en beppes, de ferstoarne heiten en memmen?
Jehannes hat sjoen dat it Laam, Jezus, alle sân segels ferbriek, dus it geheim fan Gods takomst wie bekend wurden. Mar achter net ien fan de ferbrutsen segels stie beskreaun wannear’t it Ryk fan God foargoed trochbrekke soe mei Jezus as Goede Hoeder, rjochtfeardich Bestjoerder.
Lit ús yn de soms benearjende tuskentiid dwaan as Jeremia. Nei’t er lân kocht hie, makke er in keapkontrakt op mei it foarútsicht dat de tiid komme soe dat it folk wer folop libje koe. As wy yn ús tuskentiid hannelje yn libben dat de muoite wurdich is, dan sil der yn alle gefallen foar ús bern en bernsbern folop libben wêze. En de eintiid dan, dêr’t al salang op wachte wurdt?
Sa’t de frou fan 56 jier Jezus as fisioen seach, soe it dan ek net mooglik wêze dat ien fan ús yn de tuskentiid in fisioen kriget fan it achtste segel op ‘e boekrôle? Mei oare wurden: de boekrôle hat it geheim fan Gods takomst noch net hielendal útrôle. Salang meie wy, lykas Momo, genietsjend opgean yn de tiid.
Amen

14. Oargelspul

15. Sjonge
Liet fan de tuskentiid: 1, 2, 3, 4, 5 en 6
Wize: Liet 90a

It libben rint mei troch de tiid
en hâldt him dêroan fêst,
gjin tel dy’t stiet of stadich giet,
de oere fynt gjin rêst.

De tiid is mei de dei begûn
dy’t kaam te stean yn ’t ljocht,
doe is de tiid nei ’t libben rûn,
dat mei de dagen fljocht.

De Iene seach syn skepping oan,
it lei net oan de tiid,
de minske hie syn dei bedoarn
mei tsjusternis en striid.

De Soan waard berne mei de tiid,
Hy sloech gjin oere oer;
al harkjend nei it fûgelliet,
joech Hy de minsken stjoer.

Nei Kristus hold de tiid gjin skoft,
de wolken driuwe oer,
de minsken sjogge nei de loft,
sy hawwe rêst noch doer.

Wy libje yn de tuskentiid,
de ein bliuwt noch lang wei,
dochs klinkt de tiding wiid en siid:
der komt in nije dei.

16. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

17. Sjonge
Liet 769: 1, 3, 5 en 6

18. Seine

Wy geane mei nije moed de wrâld yn,
wittend dat wy libje yn in lange tuskentiid,
mei de ferwachting dat Gods Keninkryk
ienris trochbrekke sil.
Yn dy tuskentiid binne wy ûnderweis mei:
de seine fan God de Heit,
de leafde fan Jezus de Soan
en mei de ynspiraasje fan de Hillige Geast.

19. Sjonge
Liet 415: 3

Image

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum