Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Religy category

admin

Tsjinst fan ‘Sjen en Bewege’

Religy

Op 7 maaie 2017 yn Hegebeintum

1. Tarissing

Jubilate, sa hjit dizze snein nei Peaske,
in snein om te jûchheien.
Dêrom lit ús hjoed jûchheie om de maitiid
en om’t wy dizze snein hjir op ’e hichte fiere meie.

Mar dan moatte wy it goede wol foar eagen krije
om jûchheiend yn beweging te kommen.
Dit is dus ek de snein fan sjen en bewege.

Lit ús God oanroppe,
God as de Skepper fan himel en ierde,
dy’t nei de minsken omsjocht,
om’t Hy it wurk fan syn hannen
net loslit.
Amen

2. Sjonge
Psalm 66: 1 en 3

3. Bea

Heare God, wy ha Jo love yn ús liet
en dat dogge wy ek yn ús gebed,
want op dizze hichte sjogge wy
dat rûnom de natuer yn bloei stiet
as belibben wy in nije skepping.

Heare God, wy loovje Jo ek,
om’t der noch altyd minsken binne
dy’t by elkoar komme om optild te wurden
út har eigen soargen en de noeden fan de wrâld.

Dizze hichte is it plak om te bidden
foar minsken dy’t amper moed mear ha
fanwege sykte, in handikap, iensumens en rou.
Hear, ûntfermje Jo oer har.

Dit is ek it plak om te bidden
foar de noeden yn de wrâld,
minsken dy’t honger ha nei brea,
honger nei rjocht en wierheid,
honger nei frede op ierde.

Fan dit plak ôf bidde wy
dat der in ein komt oan grutte wurden,
leagens om sels better foar it ljocht te kommen
en dat nepnijs feroaret yn it blide boadskip,
dat wy Jezus wer sjogge.

Want dan is de dei kommen fan jubilate yn excelsior.
Amen

4. Sjonge
Psalm 66: 6 en 7

5. Ynlieding

‘Bewege’ is tsjintwurdich de rie dy’t foaral fyftichplussers jûn wurdt. Op it sprekoere fan de dokter komt it ek oan de oarder: ‘Krije jo genôch beweging?’
Ik kin mei in earlik gewisse antwurdzje: ‘Alle moarnen om kertier foar achten meitsje ik in rûte troch Snits of in eintsje dêrbûten en om njoggen oere bin ik wer thús.’
Dat dokter hat oer my net te kleien en iksels mei ik net kleie oer myn sûnens, om it op syn Frysk te sizzen.
It is wol sa dat ik net safolle mear om my hinne sjoch, hoewol’t ik noch altyd it fototastel by my ha om wat nijsgjirrichs fêst te lizzen. Bin ik sa njonkelytsen útbeweegd of is der net safolle mear te sjen op ’e rûte troch Snits… en op ’e libbensrûte?

Sa’t wy hjir sitte, binne wy noch altyd yn beweging op ús eigen libbensrûte. As wy de ûndersikers fan it lok leauwe meie, dogge wy Friezen dat mei in strieljend gesicht, om’t wy de lokkichste minsken fan hiel Nederlân binne.

Dat sil wol sa wêze, mar der binne grif ek minsken dy’t it gefoel ha dat se yn in trêdmole rinne, lykas  in hynder eartiids hieltyd itselde rûntsje rûn om de mole yn beweging te hâlden. Foar de minske kin dat op it wurk, mar ek yn de thússituaasje sa wêze, benammen ast groanysk siik bist. It liket dan as binne alle dagen itselde. Do hoechst net om dy hinne te sjen, want folle nijs is der net om op te heinen.

Wa’t yn in rûntsje rint, kin de eagen wol tichthâlde, der is amper útsicht mear. Der binne âldere minsken dy’t sizze dat der wol in ein oan komme mei, want har libben liket foltôge. Wat se troch sykte en handikap meitôgje moatte, is de muoite fan it libben net mear wurdich.

It sil fan ’e moarn net gean oer de keunstmjittige ein fan in foltôge libben. Wol oer yn beweging komme om’t der noch safolle te sjen is. Bewege út ’e rûtine fan it libben wei, wat dy rûtine ek wêze mei. Wy binne as minsken roppen om op te sjen, om’t wy ûnderweis en oan de ein de Hear sjen meie, dy’t opropt om te libjen.

6. Sjonge
Liet 800: 1 en 2

7. Lêze
Jesaja 40, 26-31

8. Sjonge
Liet fan de ballingen: 1, 2 en 3
Wize: Liet 441 út it âlde Lieteboek foar de tsjerken

Kom, folk fan God, op fuotten,
fan jong oant griizjend âld,
fan boartsje oant lang wrotte,
sjoch, foar ús leit de wrâld,
dy’t noeget foar de reis
yn harmony fan sfearen,
ek stoarmen dy’t lûd beare,
dochs ien folk ûnderweis.

Sjoch ’t folk oan Babels streamen
fier fan Jeruzalem,
foarby gean al har dreamen
oant klinkt in kleare stim;
Tsien Wurden wurde mear,
in ienheid yn de boeken
om ûnderweis te brûken,
it libben nimt in kear.

Hear ’t folk as tiden keare,
it halleluja klinkt,
gjin ballingskip sil deare,
omdat de himel winkt;
de reek fan Babel riist,
syn rom wurdt wei yn dize,
mar Sion sil ferrize,
wat op ’e takomst wiist.

9. Ferkundiging 1

Wat kin in rivier prachtich streame, altyd is der beweging, it wetter brûst fan de hichte ôf nei de see ta. Hawwe teologen dêrom it plak fan it paradys tusken de Eufraat en de Tigris lokalisearre, de beide rivieren yn Mesopotamië?

Dat mei dan sa wêze, mar yn de tiid fan Jesaja, sa’n 700 jier foar Kristus, sieten de neikomlingen fan aartsheit Jakob ferslein oan de igge fan de rivier. Se hiene har harpen oan de wylgen hongen, om’t se gjin muzyk of liet ferneare koene. Behalve Psalm 137:
Oan Babels streamen, fier fan hûs ferjage,
ha wy ús need en djippe ellinde klage.
Oerstjoer en oandien tochten wy werom
oan dy, o Sion, en oan dyn hillichdom.
It kaam net yn ús op om noch te sjongen,
wy hawwe ús harpen oan de wylgen hongen.


Ofbylding EO ôflevering ‘Musica Religiosa’

Dêr sieten de ballingen dan, fier fan hûs, de holle foardel, want se koene elkoars fertriet en ûnwennigens net oansjen; oan de igge fan de Tigris wie oars net te sjen as ellinde. Sicht op ’e takomst wie der net. De ballingen wiene net mear yn beweging te krijen. It iennige wat beweegde, wie harren tonge: ‘Myn lot wit de Heare net fan, myn saak is myn God ûntkommen.’
Hearre jim it? Myn lot, myn saak… spile it yndividualisme 2700 jier lyn ek al de haadrol? Dat liket wol sa, mar it leit oars, want de profeet Jesaja sprekt it ferballe folk oan mei de namme fan aartsheit Jakob, dy’t nei it nachtlike gefjocht mei de ingel de namme Israel krige.

Jakob of Israel
Is net it bysûndere fan in profeet dat er relaasjes leit? De relaasje tusken Jakob en de ballingen. Jakob dy’t foar syn poerrazende broer Ezau nei Mesopotamië flechte, it lân tusken de beide paradysrivieren yn. Jakob, de flechtling fan west nei east.
Hjoed de dei is it krekt oarsom: no flechtsje minsken fan east (Mosoel oan de Tigris) nei it westen.
Jesaja wol mei de namme Jakob of Israel in ferbining lizze mei it ferline: doe siet Jakob ek yn de problemen, mar sjochris wat der fan him wurden is; hy kaam mei fjouwer froulju, tolve bern en in grutte keppel as in ryk man werom, dus hy hie wer takomst yn it lân fan belofte.

Sjen en bewege
Hie de profeet it dêrmei wol litte kind? Heechút kaam der noch in konklúzje achteroan: ‘Mei it each op it ferline, krije jim wer sicht op ’e takomst.’
Mar de ballingen oan de rivier hiene de eagen dan noch net opslein, lit stean dat se yn beweging kommen wiene. Dêr wie de Skepper fan himel en ierde foar nedich of de Geast mei in haadletter. Sa’t de Skepper Adam de siken ynblaasd hie, soene de ballingen troch de Geast ek op azem komme.
Mar earst moast de holle omheech, dan koe it sicht ferromme wurde: ‘Slach de eagen omheech en sjoch! Wa hat al dy stjerren skepen?’
 Der wurdt sein dat hjoed de dei yn Nederlân mear as in miljoen mismoedige misken binne, ek jonge minsken. Faak rinne se mei de holle foardel yn de trêdmole fan it bestean. No is it fansels net sa dat se daliks genêzen binne as se nachts nei de stjerren sjogge. Mar wa’t jûns mei de holle yn de nekke nei de stjerren sjocht, kin him ferwûnderje oer de ûneinige romte fan it universum. De astronomen fan hjoed de dei sizze dat der grif planeten binne dêr’t libben op foarkomt. Is it net krekt as sprekt de Geast de minske út it hielal wei oan? It jout in spiritueel gefoel, men kriget der spirit fan, nije enerzjy.

Enerzjy
En dêrmei binne wy wer by de profeet Jesaja werom. Hy hat earst de eachopslach fan de ballingen fan de grûn nei de hichte brocht, want dêr komt de enerzjy wei om oerein te kommen. Se sitte dêr noch, de ballingen, en binne út ’e liken sa wurch. Se ha gjin siken mear om te sjongen, sels net it kleiliet ‘Oan Babels streamen, fier fan hûs ferjage’.
De jongfeinten binne ek dea-ynien en wêrom soene de jongfammen der better oan ta wêze? Alle spirit is derút. Mar dan lit Jesaja it nei de stjerrenacht daagje. Mei’t yn it easten it ljocht trochbrekt, sweeft de Geast oan, de Geast fan de Skepper, dy’t Adam de siken ynblaasd hat. Miskien is tagelyk wol in do, as teken fan de Geast, oer de Tigris op de ballingen oanflein. Mei’t se de holle yn de nekke hiene om te sjen, kamen de siken ek wer op gong. Mei noch altyd de holle yn de nekke seagen se út it easten wei in earnfûgel mei krêftige wjukslach oer de rivier fleanen, byld fan de jongelju dy’t wer op fuotten kamen en de wjukken útsloegen. De gesichten waarden nei it westen keard en doe kamen de stive lea yn beweging. De ballingen, dy’t gjin balling mear wiene, krigen aartsheit Jakob foar eagen, dy’t mei syn froulju, bern en keppel nei it lân fan belofte teach.
Is it net bysûnder dat in profeet sokke bylden foar eagen kriget foar’t er dy ferwurdet? Sa joech de profeet Jesaja de ballingen wer sicht op ’e takomst en brocht dêrmei harren geast yn beweging om letter sels yn beweging te kommen op ’en paad nei Sion en syn hillichdom.
Us eigen wrâld is folop yn beweging. Berjochten oer striid, flechtlingen, grutte wurden, leagens fan machthawwers, nepnijs en gean samar troch komme massaal op ús ôf. Der binne dagen dat minsken it net mear sitten sjogge. Se bliuwe sitten wêr’t se sitte: oan de igge fan in stilsteande rivier, as ballingen yn de eigen wrâld. Of se rinne, slepend fan wurgens, yn de trêdmole fan it bestean. Wêr bliuwt dan de profeet dy’t opropt om nei de stjerren te sjen en yn beweging te kommen? Jesaja, Jeremia, Gandhi, Martin Luther King, Nelson Mandela… en dan stûket it… of is der in profeet yn de omkriten fan Hegebeintum?

10. Sjonge
Liet fan thúskomst: 1, 2 en 3
Wize: Liet 315 út it Lieteboek

De Hear rôp op syn feint Jesaja:
‘Rop op nei hûs wa’t balling is,
lit klinke oan de ierde-ein ta
dat ivich bliuwt myn leafde wis.’
Lit ús dan brekke út ’e bannen
fan soarch om lijen en gemis,
de oerstek dwaan troch toarre lannen
nei hûs dêr’t libben wetter is.

De Hear liet oan Jesaja witte:
‘Ik ha elk al by namme neamd,
gjin noed, Ik sil de djipte mjitte
fan ’t wetter dat sa skomjend streamt,
Ik sil jim troch rivieren fiere,
dat elk komt oan de oare kant,
it lân dêr’t jimme berntsjes tiere,
gjin macht dy’t dêr mear strikken spant.’

Jesaja hat fan tiden sprutsen
dêr’t hy de strekking al fan seach:
hoe’t kweade machten stikken brutsen,
út alle streken kaam in weach
fan soannen troch rivieren hinne
en dochters nei ’t beloofde lân,
dy’t mei elkoar de takomst binne
fan hiel de wrâld yn ien ferbân.

11. Lêze
Jehannes 16, 16-23a

12. Sjonge
Liet 663: 1 en 2

13. Ferkundiging 2

Dêr sitte se dan, de dissipelen, nei’t se de wurden fan Jezus oer sjen en net sjen oanheard ha. Se binne der oerémus fan. De wurden kolkje yn har om as in rivier dêr’t se troch meisleept wurde. Se kinne gjin hâldfêst krije.
It liket as bûcht Jezus syn paad ôf fan it plak dêr’t de dissipelen sitte. As bliuwe se ferweesd en ferfrjemd achter. It komt ommers frjemd op de dissipelen oer wat Jezus ferkundiget. Se binne efkes frjemdlingen op eigen grûn. Is der in grut ferskil mei ballingen op frjemde grûn? Beide kearen is der sprake fan ferfrjemding.
Wat wy al witte, dat is foar de dissipelen noch frjemd. Wy sjogge mei oare eagen nei Jezus, hawwe sicht op syn lijenswei,
dea oan it krús (trije dagen net te sjen),
opstanning (fjirtich dagen wol wer te sjen),
himelfeart (net mear te sjen),
pinkster (sichtber troch de Geast)
en de belofte fan it wer op ierde komme (dus nei ferrin fan tiid is Jezus wer te sjen)
Wy kinne dus de ôfwikseling tusken ‘Jezus sjen’ en ‘Jezus net sjen’ wol begripe, want hoe faak ha wy al net stilstien by Goed Freed, ha wy Peaske, Himelfeart en Pinkster fierd?
De dissipelen moatte it dwaan mei in pear útspraken fan Jezus. En dêr sjogge se gjin heil yn, se wurde meisleept troch de emoasjes dy’t de wurden oproppe. Wêr kinne se har dan noch oan fêstgripe om te begripen wat Jezus bedoelt?
Mar witte wysels krekt wat Jezus bedoelt? Yn de rin fan de iuwen hawwe tsjerkeheiten (kerkvaders) en teologen neitocht oer de útspraken fan Jezus. Der binne grutte gearkomsten oer holden, dêr’t se spul krigen oer hoe’t it no krekt siet. Wa’t it net mei de mearderheid iens wie, waard as ketter de tsjerke útsmiten. Nei drege petearen diene de gelearden sels útspraken oer Jezus, útspraken dy’t ta dogma’s waarden. Dêr moast it tsjerkefolk yn leauwe, woene se letter opnommen wurde yn de himel.
En hjoed de dei? De measte tsjerken rinne leech. Jonge minsken ha neat mear mei de dogma’s dy’t iuwen lyn fêststeld binne. As se al leauwe, dan is it op de manier fan professor Peter Barthel, dy’t antwurd jûn hat op ’e fraach fan de sânjierrige Anco: ‘Professor, bestaat God?’
Lit ús freegje: ‘Jezus, watfoar byld stiet Jo foar eagen?’

Lykas de profeet Jesaja liet Jezus it net by útspraken. Beide waarden troch de Geast dreaun om de geast fan de minsken yn beweging te bringen. Beide diene dat troch bylden, it libben sels moast foar eagen komme. Jesaja brûkte it byld fan de stjerren en fan de earnfûgel. Jezus fielde de pine al oan dy’t de dissipelen ha soene nei’t Hy net mear te sjen wie. It byld fan de mem dy’t in berntsje kriget, is gaadlik fanwege de pine ûnder de befalling en de freugde oer it bern dat libben op ’e wrâld komt.
In prachtich byld fanwege de takomst dy’t mei de berte fan in bern iepengiet. Yn harren bern krije de âlders de takomst foar eagen, dêr komme se foar yn beweging.
Is it sa ek net mei Jezus? Hoewol’t it yn it leauwe fan tsjerkeminsken in ôfwikseling is fan sjen en net sjen (Jezus foar eagen ha en Him net mear sitten sjen), giet de takomst foar ús iepen as de Geast begjint te waaien, lykas op it Pinksterfeest. Dat wie de berte fan de tsjerke as mienskip fan minsken dy’t yn beweging kamen. Soene wysels ek net wer berne wurde moatte om te sjen wat Jezus bedoelde en om yn beweging te kommen?
Anco frege: ‘Professor, bestaat God?’
Professor Barthel antwurde: ‘God is de Geest die wereld bezielt.’

Dyselde Geast hat Jezus besiele yn syn útspraken en dwaan en litten. Dy Geast iepenet ús ek de eagen om Him no al te sjen yn minsken fan de goede dieden. En wa wit geane ús de eagen noch wider iepen yn de takomst.
Amen

14. Oargelspul

15. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

16. Sjonge
Liet 315: 1 en 2

17.Seine

Lit ús fan dizze hichte ôf
de wrâld wer yngean
mei de seine fan God de Heit,
de leafde fan Jezus Kristus de Soan
en de ynspiraasje fan de Hillige Geast.
Amen

18. Sjonge
Liet fan Hegebeintum: 1, 2 en 3
Wize: Liet 280 út it Lieteboek

De hichte is in suver plak
sa’t Hegebeintum leit,
hjir ûnder ’t himelskblauwe dak,
wat alles steefêst seit.

Lit al it folk hjirhinne gean,
de oekumene yn,
dan sil de hichte wêze ’t lean,
de geast waait as de wyn.

As Hegebeintum wurdt it hôf
fan Eden, it model
fan sjongend folk de Hear ta lof,
dan komt de seine del.

admin

Tsjinst fan sâlt en ljocht

Religy

Op 5 febrewaris 2017 yn Goaiïngaryp

1. Tarissing

Wy binne op dizze fiifde snein nei Epifany,
de ferskining fan Jezus as wrâldwide Befrijer,
by elkoar kommen om de tsjinst
fan sâlt en ljocht te fieren,
want ek dizze gemeente
is it sâlt en ljocht foar de wrâld.

Mar dat kin net sûnder help fan de Ivige,
dy’t himel en ierde skepen hat
en trou bliuwt oan de wrâld;
al is dy noch sa sâltleas en tsjuster,
de Ivige hâldt oan syn belofte fêst.
Amen

2. Sjonge
Psalm 118: 1 en 2

3. Bea

Hear, wy ha krekt it feestliet songen,
mar it feest fan Kryst leit al wer
oardel moanne achter ús
en it bern yn ús inerlik
is op ’e wjukken fan ingels fuortflein.

Wy binne as folwoeksenen al wer konfrontearre
mei ús eigen noeden: krupsjes, iensumens, fertriet en neam mar op,
en mei de noeden fan de wrâld: oarloch, ûnrjocht en wat al net mear.

Fjouwer kear ha wy yn it earste kûplet songen
dat jo goedens de ein fan wei is,
der komt gjin ein oan.

Kinne wy wier leauwe dat fan de skepping fan himel en ierde ôf,
troch de skiednis fan Israel hinne
en troch ús eigen ferline hinne
jo goedens noch altyd stânholden hat?

Wy ha niis útsprutsen dat de Ivige fêsthâldt oan syn belofte,
in Keninkryk sûnder oarloch en ûnrjocht en wat al net mear.
Wolno, Hear, lit dan jins Keninkryk komme
en as dat net op slach kin,
stjoer dan jo ingels om it minskdom út it swierste lijen wei op te tillen.

Want soene wy inkeld op ’e grutten yn dizze wrâld betrouwe,
dan kinne wy it wol skodzje om it mar planút te sizzen.
Amen

4. Sjonge
Psalm 118: 3

5. Ynlieding

Krekt as op 4 desimber 2016 yn dizze tsjerke wurdt jim in berneboek foarholden, al wer! Wat beweecht dy grize man op ’e preekstoel om foar de twadde kear in bern as foarbyld oan folwoeksenen foar te hâlden?
Net dat ik ús tsjinst fan ’e moarn ferlykje wol mei de mannichte om Jezus hinne, doe’t de dissipelen de bern op ôfstân holden: ‘Fuort, de preek fan de Hear is net foar jim bedoeld!’
Rôp Jezus dy bern doe net by him: ‘Lit de bern by My komme en kear se net, want foar sokken is it ryk fan God.’

Soe ik it dan oan it begjin fan dizze tsjinst net oandoare om it famke Momo troch de tsjerkedoar te roppen om har ferhaal te dwaan? Har namme hat op 28 febrewaris ferline jier ek yn Prelude op Omrop Fryslân klonken, dêr’t Leendert Noordmans noch op reagearre hat.

‘Hoechst net te klopjen Momo, kom der mar yn, fertel mar, wy harkje mei sân pear earen nei dy.’
‘Ja, ik bin Momo en wenje yn in stêd dêr’t elk syn eigen gong gean koe… en de tiid gie ek syn gong.
Mar op in kweade dei kamen der hearen yn grize pakken yn de stêd, dy’t grutte sigaren rookten. De reek wie like griis as de pakken. Se hiene ek wat te sizzen. Elkenien soe lokkich wurde as der tiid sparre waard, want dat soe winst opleverje. Se hiene al in plak útsocht dêr’t de sparre tiid bewarre wurde koe, in klûs mei in slot derop.’
‘Momo. efkes in fraach der tuskentroch, jim libben dochs al as tefreden boargers yn de stêd?’
‘Wat oars, mar de minsken harken mei sân pear earen en woene wol tiid sparje.’
‘En dosels?’
‘Ik woe leaver mei de oare bern bûten boartsje… wêrom soe ik tiid sparje?’
‘Om letter foar it boartsjen noch mear tiid te krijen… wêrom lakest, Momo?’
‘Ik laitsje no wol, mar ik koe doe wol gûle, want it feroare hielendal yn de stêd. Doe’t elkenien de sparre tiid nei de tiidklûs brocht, waarden de minsken hastich en begûnen se op elkoar te lykjen.’
‘En dosels?’
‘Ik woe net op elkenien lykje. Op ’t lêst boarte ik allinnich noch mar op strjitte, want myn freondintsjes sparren ek tiid. En witst wat dy grize heren diene… nee? Dy rotsakken joegen de tiid net werom. En witst hoe’t se sigaren makken… nee? Se skuorden de bledsjes fan de blommen, droegen dy om sigaren fan te rôljen. Alle blommen giene doe yn reek op.’
‘Hoe is it ôfrûn?’
‘Gelokkich kaam master Hora, dy’t de tiid stilsette en doe koe der gjin tiid mear sparre wurde… en witst wat dêr sa goed oan wie… nee? De grize hearen stiene ek stil, deastil.’
‘En de sparre tiid dan, Momo?’
‘Ik wist wêr’t de klûs wie en doe’t ik dy iepen kriich, koe elkenien syn eigen tiid weromkrije.’
‘Tankewol foar dyn ferhaal.’

Momo, it famke dat har eigen tiid fêsthold en dêrmei har eigenheid, har identiteit. Sa liet se har ljocht skine.

6. Sjonge
Liet fan de wrâld: 1 en 2
Wize: Liet 416 (âld lieteboek)

Wansillich is de wrâld
as jild de oerhân hat,
want Mammon makket kâld,
de kimen wurde swart;
de nacht falt oer it lân
en tsjuster wurdt de wei,
de macht balt moard en brân
en bringt de krisis mei.

Gelokkich is men net
as tiid de oerhân krijt,
men komt altyd te let,
gjin stilte dy’t befrijt,
de minske is net wis
fan hoe’t it fierder giet,
’t gefoel fan grut gemis
komt troch de rappe tiid.

7. Lêze
Jesaja 43, 9-12

8. Sjonge
Liet fan thúskomst:  1
Wize: Liet 315

De Hear rôp op syn feint Jesaja:
‘Rop op nei hûs wa’t balling is,
lit klinke oan de ierde-ein ta
dat ivich bliuwt myn leafde wis.’
Lit ús dan brekke út ’e bannen
fan soarch om lijen en gemis,
de oerstek dwaan troch toarre lannen
nei hûs dêr’t libben wetter is.

9. Ferkundiging 1

It boek fan Momo is út, mar stel dat it ferhaal fierder gean soe en dat de hearen yn de grize pakken troch master Hora wer yn beweging brocht waarden om ferantwurding ôf te lizzen, om’t se tiid stellen hiene.
Dêr steane se foar de rjochtbank mei master Hora as rjochter.
‘No meie jimme de mûle wer iependwaan,’ seit de rjochter, ‘sprek jim mar út oer jim dieden.’
Mar de grize hearen swije, want har dieden kinne net helje by wat Momo dien hie.


Katedraal fan Amiëns

Yn it koarte ferhaal dat wy fan Jesaja lêzen ha, wurdt ek in rjochtsaak holden. God is de rjochter en ropt de folken en alle naasjes op om nei it gerjocht te kommen, net as misdiedigers, mar as tsjûgen.
Dêr komme se, de grize folken, út alle wynstreken wei. Se binne griis, want se misse de kleuren fan it ljocht, ljocht dat feroare is yn in reinbôge, teken fan it behâld fan de ierde… jim witte wol de belofte nei de sûntfloed.
‘No meie jim de mûle iependwaan,’ seit de Grutte Rjochter, ‘tsjûgje mar fan it ferline, oft der ien folk op ierde is dat itselde meimakke hat as it folk Israel.’
Der falt in stilte, want alle grize folken swije.
Dan keart de Grutte Rjochter him nei it folk oan syn rjochterhân en seit: ‘Jim binne myn tsjûgen, tsjûgje dus fan jim ferline.’
‘It is wier, Jahweh, Jo ha ús befrijd út ’e slavernij fan Egypte en weromkomme litten út ’e ballingskip yn Babel.’
De Grutte Rjochter knikt en sprekt: ‘Sis dan no wa’t jim yn jim eigen eagen binne.’
‘It is wier, Jahweh, wy binne jo tsjinners, dy’t Jo útkard ha út alle folken.’
Wer knikt de Grutte Rjochter: ‘As dit jim identiteit is, tsjûgje dan foar de grize folken…’
Yn de koarte stilte dy’t falt, keart de Grutte Rjochter Him nei de grize folken: ‘… fertel dan oan harren oan wa’t ik My bekend makke ha yn de woestyn yn it fjoer fan in toarnbeibosk.’
Nei’t de namme Mozes fallen is, klinkt lûd: ‘Ik bin dy’t Ik bin, de Ferlosser.’
Op ’e nij keart de Grutte Rjochter Him nei de grize folken: ‘Ha jim goed harke?’
Oan de iepen eagen en iepen mûlen is te sjen dat de Grutte Rjochter en it folk Israel yndruk makke ha.
‘Dan ha jim harke nei de wierheid.’

Dat wie it koarte ferhaal fan Jesaja mei in pear oanfollings.

De rjochtbank fan God en de rjochtbank fan Hora binne beide bylden fan dat der rjocht dien wurdt.
Hora docht rjocht oan de ynwenners fan de stêd fan wa’t de tiid ûntstellen is; hy docht foaral rjocht oan Momo. Momo is it byld fan de minske dy’t de eigen tiid sels bewekket en dêrmei har of syn identiteit. Momo is net opgongen yn de massa, de massa fan meirinners. Sy is dwerslizzer wurden, se gie dwers tsjin de ekstreme druk fan de grize hearen yn, lei dwers op ’e rûte fan it jachtige libben.

God docht foar de eagen fan de grize folken rjocht oan syn folk, it folk Israel. Dat folk hearde it byld te wêzen fan rjochtfeardigens en frede, dochs foel faak werom yn ûrjocht en striid. Mar yn de rjochtbank klinkt gjin feroardieling. De godsspraak is: ‘Jim binne myn tsjinners, dy’t ik útkard ha.’
It soe my net fernuverje dat boppe it byld fan de rjochtbank noch in byld opriist, dat fan de reinbôge, teken fan behâld, ek foar de grize folken.

10. Sjonge
Liet fan thúskomst: 2 en 3

De Hear liet oan Jesaja witte:
‘Ik ha elk al by namme neamd,
gjin noed, Ik sil de djipte mjitte
fan ’t wetter dat sa skomjend streamt,
Ik sil jim troch rivieren fiere,
dat elk komt oan de oare kant,
it lân dêr’t jimme berntsjes tiere,
gjin macht dy’t dêr mear strikken spant.’

Jesaja hat fan tiden sprutsen
dêr’t hy de strekking al fan seach:
hoe’t kweade machten stikken brutsen,
út alle streken kaam in weach
fan soannen troch rivieren hinne
en dochters nei ’t beloofde lân,
dy’t mei elkoar de takomst binne
fan hiel de wrâld yn ien ferbân.

11. Lêze
Mattéus 5, 13-16

12. Sjonge
Liet fan ljochtsjend sâlt: 1, 2, 3, 4 en 5
Wize: Liet 464

It lok hat klonken njoggen kear
foar wa’t troch ’t wiffe libben gean,
want sy fertrouwe op ’e Hear,
sa bliuwt yn lykwicht har bestean.

Foar oaren komt it oer as skok,
sy hâlde oan har ego fêst,
ferbine swakte net mei lok,
in hurde fûst slacht noch it bêst.

Wa’t fan de wiere wurden hâldt,
dy’t iuwen lyn al klonken ha,
is foar de wrâld smaakmeitsjend sâlt,
dêr komme oaren graach op ta.

Komt by it sâlt ek noch it ljocht,
dan wurdt de minske ljochtsjend sâlt
foar wa’t de fûst der noch ta docht,
dan iepen docht foar syn behâld.

It lok klinkt dêrnei tûzen kear
foar folk dat bliid troch ’t libben giet
as ljochtsjend sâlt lykas de Hear,
dy’t wachtsjend yn de eintiid stiet.

13. Ferkundiging 2

Lokkich dy’t suver fan hert binne, want se sille God sjen.
Lokkich Momo, dy’t it hert suver hold, want sy hat de godsstêd sjoen.

Lokkich dy’t honger en toarst hawwe nei gerjochtichheid, want se sille har gerak krije.
Lokkich master Hora, dy’t rjocht die oan de stêd en oan Momo, want hy sil krije wat him takomt.

Krekt foar it sâlt en it ljocht steane de lokkichprizingen fan Jezus. Fan herten lokwinske minsken dy’t al fan it sâlt preaun ha en dus ek al ljocht útstrielje. Ja, dêr hearre jim ek by Momo en master Hora…
en ek dizze gemeente fan master Jezus.

Fan it sâlt preaun?
Tsjintwurdich wurdt der pleite foar minder sâlt yn it iten, want tefolle soe skealik foar de sûnens wêze. Dus fan herten lokwinske mei dyn sûnens, want sâltleas is goed foar it hert.
Mar tusken sâltleas en breinsâlt sit romte om smaak oan it iten… en figuerlik sein: oan it libben te jaan. In libben mei in suver en rjochtfeardich hert.
Wêr hellet sa’n libben dan syn smaak wei? Al wer figuerlik sein: út it Wurd fan God, foar de Joaden de Toara, de earste fiif boeken fan de Bibel. Foar de Toara wurdt wol it byld fan it sâlt brûkt, de Toara as smaakmakker foar it libben.

En harkje no wat Jezus op ’e berch tsjin syn folgelingen seit. Mar foar’t Hy wat seit, moatte wy noch witte dat gjinien better bekend wie mei de Toara as Hy. De smaak dêrfan hat Er yn de synagogen al op it folk oerbrocht. Mar no seit Er dat syn folgelingen sels de smaakmakkers binne. Sy binne, om sa te sizzen, de Toara yn beweging, fan it iene plak nei it oare. En om it byld noch byldzjender te meitsjen: it sâlt dat de folgelingen binne, jout ek noch ljocht. De Toara yn beweging strielet ljocht út.

Soe it dan in wûnder wêze dat it folk stean bliuwt om nei dat wûnderlike tafriel te sjen? Ja, it is in wûnder. Itselde wûnder as op it Pinksterfeest yn Jeruzalem, doe’t tûzenen minsken seagen dat de folgelingen fan de opstiene Jezus mei flammen op ’e holle ljocht útstrielen en doe’t de wyn fan de Hillige Geast by wize fan sprekken it folk sâlt priuwe liet… troch it sprekken fan Petrus, dy’t op dat stuit de Toara yn folle beweging wie.
En sjedêr, al dat folk sette nei it Pinksterfeest wer op hûs oan, nei alle wynstreken, om de wrâld fan it ljochte sâlt priuwe te litten.

Nee, Mona en master Hora wiene op it Pinksterfeest der net by, mar de skriuwer fan it boek, Michael Ende…
Michael, is der ek net in ingel dy’t Michael hjit? De ingel, dy’t striidt foar gerjochtichheid, sadat ‘am Ende’ it Keninkryk fan God stal krije kin… Michael Ende…
De skriuwer fan it boek, Michael Ende, hat hiel goed foar eagen hân wat sâlt en ljocht foar de wrâld te betsjutten ha. Momo en master Hora spuiden de breinsâlte grize hearen út en koene ek wol spuie fan it sâltleaze folk, dat ta tiidsparders wurden wie. Master Hora en Momo wiene yn de stêd de bewegende Toara en strielen fan it ljochte sâlt. Dat wie har identiteit.

En de gemeente fan Terkaple, Eagemaryp, Goaiïngaryp en Terherne? Jim wurde as gemeente hieltyd lytser. Boppedat liket it derop dat de wrâld net mear nei it Evangeelje harket. Mar salang’t hjir noch masters Hora en Momo’s binne en salang’t it Evangeelje troch jim as ljocht sâlt yn beweging bliuwt, sil troch de krêft fan Jezus en de Hillige Geast it Keninkryk fan God oan de ein fan de tiid opljochtsje.
Amen

14. Oargelspul

15. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

16. Sjonge
Liet fan de tuskentiid: 1, 2, 3, 4, 5 en 6
Wize: Liet 90a

It libben rint mei troch de tiid
en hâldt him dêroan fêst,
gjin tel dy’t stiet of stadich giet,
de oere fynt gjin rêst.

De tiid is mei de dei begûn
dy’t kaam te stean yn ’t ljocht,
doe is de tiid nei ’t libben rûn,
dat mei de dagen fljocht.

De Iene seach syn skepping oan,
it lei net oan de tiid,
de minske hie syn dei bedoarn
mei tsjusternis en striid.

De Soan waard berne mei de tiid,
Hy sloech gjin oere oer;
al harkjend nei it fûgelliet,
joech Hy de minsken stjoer.

Nei Kristus hold de tiid gjin skoft,
de wolken driuwe oer,
de minsken sjogge nei de loft,
sy hawwe rêst noch doer.

Wy libje yn de tuskentiid,
de ein bliuwt noch lang wei,
dochs klinkt de tiding wiid en siid:
der komt in nije dei.

17. Seine

It is tiid om nei hûs te gean,
mar lit ús yn de tuskentiid
dy’t ús jûn wurdt
de tiid nimme om stil te wêzen
en yn dy stilte ús ôf te stimmen
op de seine fan God de Heit,
de leafde fan Jezus Kristus de Soan
en de ynspiraasje fan de Geast.
Amen

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum