Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Polityk category

admin

Begroeven float

Polityk

fan William Turner*

De Swarte See lei yn it tsjuster
fan de Russyske autoriteit:
in float fan tachtich oarlochsskippen,
dy’t blokkearren kostber nôt,
dat barde lykwols juster.

Mar justerjûn is dat feroare,
want de swarte weagen ljochten op
fan fiifentritich oarlochsskippen
yn in steat fan fjoer en flam
fan achteren nei foaren.

Wat achter wie, komt hjoed nei foaren:
skippen farre fol de haven út
mei kostber nôt, Odessa ljochtet
goudgiel op, begroeven leit
de float… it is dy oare.

* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘Begraffenis op see’

admin

Gefjocht om genoside

Polityk

fan James Ensor*

‘Sjedêr, de fuotten,’ ropt de advokaat,
‘de deade fuotten op it deade hout,
se bliede foar it folk dat lijt,
dus draai jim om en sprek no rjocht,
der is al faker oer in útspraak striden,
sko it fonnis langer net fansiden!’

‘Stop efkes,’ sprekt de heechste magistraat,
‘in hastich oardiel sprekke wy net út,
op ’t slachfjild is it nea swart-wyt,
it is foar ús ek in gefjocht,
wy slaan as rjochters acht op tal fan siden,
sprekke no noch net fan genoside!’

‘Gjin sprake fan,’ sa ropt de advokaat,
‘want jierren útstel is gjin goed beslút,
sjedêr wat foar jim eagen leit,
in wis bewiis dat derta docht,
lit net noch mannich bern de hel yn glide
foardat sprake is fan genoside.’

As rjochters swije, lit de wrâld paraat
stean foar wa’t, noch op fuotten, ropt en rout,
want swart feroaret net yn wyt
troch bloed dat fuortstreamt, it gefjocht
om rjocht giet fierder, is fan alle tiden,
sprek dan hjoed planút fan genoside.

* James Ensor (1860-1949)
Skilderij ‘De goede rjochters’ 


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum