Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Polityk category

admin

Heidensk CDA

Polityk
PDF Print E-mail
Image
Tintoretto

It barde by de start fan ’t minskdom
dat yn ’t hôf de appel plôke waard
dy’t kennis joech fan goed en kwea,
doe stie de takomst op ‘e kaart,
in saak fan libben en fan dea.

’t Wie folle letter dat de winsk om
ien te wurden, honorearre waard,
’t appel op kristenstriders skreau
it CDA klear op ‘e kaart,
’t koe minder wat de kristen dreau.

Mar tiden hawwe tiden, ’t minskdom
sekularisearre, ’t CDA
dreau op ‘e weagen fan de tiid
mei nei globale baaien ta,
’t appel ferwaaide, sa’t soks giet.

En hieltyd minder waard de winsk om
ien te wêzen mei ’t profetewurd
fan Amos, fan professy boer,
hy griep it boltsje by de sturt,
it heidensk ûnrjocht wie him oer.

Image
detail
Jean-Honoré Fragonard

Faak geane tiden op herhelling,
slûpt no ’t heidendom troch Nederlân
en brekt wyld út yn razernij
op folk dat libbet oan de hân
fan Allah, net fan de partij.

En hieltyd djipper wurdt de delling
tusken CDA en Amos’ wurd
foar flechtling, widdo en de man
dy’t ûnrjochtmjittich rekke wurdt,
it heidendom kaam yn de ban.

Doe briek de dei oan fan ’t oanbidden
fan it bollekeal troch ’t CDA
dat bûgde yn de wyldernis
foar dy partij om macht te ha…
de appel op appel… ’t wie mis.

admin

Seisstêden

Polityk
PDF Print E-mail
Image

It koe net oars, it moast der wol fan komme,
’t stedsje Snits wie fierste lyts,
twa doarpen wiene anneksearre,
mar noch altyd koe men ’t rêde op ‘e fyts,
dus waard it eachweid fan de stêd ferromme.

It earste wurd wie oan de pommeranten
mei it sicht op daliks grut,
’t idee feroare yn fiksaasje:
lit ús traapje de Mercedes op ‘e sturt,
dan jeie wy út Snits nei alle kanten.

It wurd waard wet, men koe der net omhinne,
streekrjocht gie it derop ta:
ferkiezings as ferdivedaasje,
yn it sirkus woe Snits eigen clowns earst ha,
dy soene grif de measte byfal winne.

It moat net oars, want lit ús earst ris telle:
mei seis stêden fierwei ien
en tachtich doarpen, heech wurdearre,
hat it stedsje Snits it wolris minder dien,
dat rûnom sille se it nijs fertelle:

Seisstêden, sa sil ús gemeente hjitte,
dat sil hiel de wrâld nea wer ferjitte.

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum