Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Polityk category

admin

Seagje

Polityk
PDF Print E-mail
It barde yn de âlde tiid
doe’t reiden eagen noch fertroud,
wat joech it folk in goed gefoel;
omdat de wrâld wie fol mei striid,
woe nimmen oars, sels foar gjin goud.

Image

Der kaam feroaring op it wiet:
de seachbek liet him hoeden sjen
as flechtling út ‘e tizeboel
sa’t dat yn oare oarden giet:
in libben troch de striid ferlern.

Image

Mar ’t wolkom klonk net yn dit lân,
omdat de seachbek seagje koe
de poaten fan de reiden stoel;
se hiene ’t mei de seachbek hân,
want bigamy wie ek taboe.

En hûndert meter fierderop
siet wyldbek fan de swarte ploech
mei fuort dermei as heechste doel;
hy seage mei syn hurde kop
de tûken troch, as doe ek rûch.Image

Oare >
admin

Neat nijs

Polityk
PDF Print E-mail
It wie de Preker dy’t it melde:
‘Watfoar nijs is ûnder ’t sinneljocht,
de dagen binne swier fan ’t selde.’

Ben Ali, Moebarak, Gaddafi
brieken jierrenlang it folkerjocht,
in bloedhûn koe net better blaffe.

It folk moast bloed en oalje rûke,
beide like kliemsk op ’t skeinde fel,
mar ’t hat it westen sels net jûke.

It wie de Preker dy’t fertelde:
‘Watfoar nijs is ûnder ’t sinneljocht,
de dagen binne swier fan ’t selde.’

De farao kastijde slaven,
mar ’t wie Mozes dy’t foar útkomst focht
en ’t folk mei rjocht en frijheid lave.

Image
Ikoan fan Wasili Wasin

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum