Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Polityk category

admin

Zaporizja

Polityk

fan Józef Brandt*

Zaporizja, stêd dy’t derta docht,
fort fan de Kozakken,
frije keardels yn it flakke gea
fan steppen oer de kimen hinne,
jagers, fiskers yn de Dnepr,
frijfochten folk dat frijheid socht.

Striidber steane twa Kozakken klear
mei ’t gewear al laden,
frije keardels op ’e eigen grûn,
troch net in fijân te besetten,
lit it hynder fjouwerje,
gun oan de Rus gjin grûn en ear.

Zaporizja, stêd dy’t derta docht,
earje de Kozakken,
earder folk dat foar dyn frijheid focht,
har bloed streamt troch dyn ieren hinne,
jei de fijân oer de Wolga,
dan komt fansels dyn fisk foar ’t ljocht.

* Józef Brandt (1841-1915)
Skilderij ‘De Kozakken fan Zaporizja’ 
 
 

admin

Ekstreem belied

Polityk


Driigjend skoot it tsjuster oer it lân,
ús lân dat trettjin jier al leit
bedutsen ûnder koel belied
fan ’t kapitaal sil winne,
wâdzje oer de swakken hinne.

Mar sjedêr, it komt der driigjend oan,
it tsjuster fan de neare nacht
foar flechtlingen troch nij belied
dat oer de grins har hinne
set: lit har de hel ynrinne.

Harkje nei de sinne: ‘Neat is nij,
de himel hat al tsjuster west
foar flechtlingen, ekstreem belied
fan rjochts liet harren stikke!’
Wie de grins noch te berikken?

Nei trettjin jier fan ’t kapitaal
skoot oer it lân de wylde wolk
dy’t driget mei in rûge taal
fan ticht de grins, ferdomme,
net in frjemdling sil hjir komme!
  

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum