Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Polityk category

admin

Isfahan

Polityk

fan ûnbekend*

De túnman en de dea,
dy hawwe elkoar moete,
net yn Israel, want dan
soe ’t oarlochsfolk wol frede
slute, ’t wie yn Isfahan.

De túnman wie gewoan
in boarger op ’e ierde,
wie ’t yn Gaza of Iran?
’t Koe Israel ek wêze,
mar ’t wie yn Isfahan.

De dea ferljochte earst
de himel mei syn fjoerwurk,
Allah en Jahweh yn ’t span
fan moardners op ’e ierde,
Israel of wie ’t Iran?

De túnman hie gjin kar
en moast de dea wol moetsje
neffens in strategysk plan
fan fjoerwurk foar de deaslach,
harkje mar nei Isfahan.

* Yllustraasje ‘De túnman en de dea’ 



admin

Fredeskonferinsje

Polityk

fan ûnbekend*

Switserlân, it gea fan bergen,
heech wurdearre as neutraal,
de steat mei frede as yntinsje:
‘Wolkom alle lannen op ’e wrâld,
draach by oan dizze konferinsje.’

Oekraïne, mar ek Ruslân, 
jimme komme mei ’t ferhaal
fan oarloch mei hoefolle deaden
wol, mar Ruslân bliuwt dêrûnder kâld,
hat frede net as heechste wearde.

Sina dan, do hast wol ynfloed
op freon Ruslân, sprekst de taal
lykwols fan drigen en fan striden
likegoed, wriuwst yn de wûnen sâlt
en hâldst dy leaver wat fansiden.

Kom no op en lit jim jilde,
steaten, hâld jim net neutraal
foar rjocht en frede oer, mar rjochtsje
jim op hiel de wrâld en syn behâld,
sadat de kimen derfan ljochtsje.

* Foto ‘Ljochtsjende kimen’



Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum