Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Danaïden

Mytebylden

fan John William Waterhouse*

Danaos en broer Aigyptos
hiene beide fyftich bern,
Danaos allinnich dochters,
inkeld soannen soe Aigyptos sjen.

Danaos liet daliks witte:
‘Al myn dochters bliuwe frij
fan in houlik mei dyn soannen,
’t brulloftsfeest giet oan har noas foarby.’

Mar de soannen fan Aigyptos
holden as de storein oan,
dat de houliks waarden sletten,
neef mei nicht, in dochter mei in soan.

Danaos liet dat net sitte,
joech syn dochters elk in dolk;
stutsen waarden harren mannen
op Lynkeus nei, dy liet syn folk…

… witte dat de Danaïden
stjerre soene, ek massaal,
neffens fyftich wrekers wetten
spriek er as syn omke ek dy taal.

Yn de ûnderwrâld trochskeppe
sûnder dat it fet fol waard,
diene fyftich drokke dochters,
’t wie de straf foar harren fûle haat.

* John William Waterhouse (1849-1917)
Skilderij ‘De Danaïden’

admin

Danaë

Mytebylden

fan Gustave Klimt*

Har heit, Akrisios fan Argos,
woe net ha dat Danaë waard swier
fan wa dan ek;
in toer fan izer sûnder sier
wie har ferbliuw… nea los fan Argos?

Mar Zeus kaam by har wylst it reinde,
troch dy gouden rein waard sy doe swier,
sa koe it ek;
god sels en Danaë, ’t wie wier
dat sy allinnich ’t berntsje heinde.

Sy kamen beide yn in kiste
troch Akrisios, lykas in dier:
de heit as gek;
in fisker kaam doe fluch yn ’t spier,
seach mem en soantsje net as bisten.

* Gustave Klimt (1862-1918)
Skilderij ‘Danaë’

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum