Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Hera

Mytebylden

fan ûnbekend*

Lit ús harkje nei ’t ferhaal
fan Hera: ‘Kronos is myn heit,
dy’t my hiel opfriet by de berte,
myn broer Zeus hat my befrijd…
ús houlik wie in hillich feit.

Fjouwer bern fûn Zeus normaal
foar my, mar wol te min foar him,
hy hie syn eigen leafdeswetten,
hat syn drift oan froulju wijd…
as god wie hy yn ’t nimmen slim.

Is ’t in wûnder dat ik faak
jaloersk wie op dy froulju en
har bern, troch myn man Zeus oansetten?
Nea hat hy mei my sa frijd,
ik moast my rêde mei ús bern.

Zeus naam op myn kleien wraak
en hong my oan de polzen op,
in ambyld bûn er oan myn fuotten,
dat ik ha ferskriklik lit…
hoe kriich hy ’t yn syn gekke kop!

Wylst ik lei yn djippe sliep,
woe hy soan Herakles ta ha
myn molke foar in ivich libben,
drippen spatten troch de loft…
sjedêr, de Molkwei kaam der sa!’

* Byld ‘Hera’

admin

Hephaistos

Mytebylden

fan Peter Paul Rubens*

Hephaistos, Hera’s manke soan,
dy’t sy mei gong de see yn smiet,
wat letter haadgod Zeus ek die,
belâne op it eilân Lemnos,
it ambyld waard syn troan.

Hephaistos, god fan ’t gleone fjoer,
dat brûkber wie foar him as smid,
koe smeie wat him frege waard:
in halsbân, flitsen en ek wapens
foar goaden en gewoane boer.

Dat Aphrodite waard syn frou,
wie foar in smid in grut kontrast,
omdat er ek noch kreupel wie,
de skientme seach se yn syn wurken,
sy bleau him op ’en doer net trou…

… want Aphrodite dielde ’t bêd
mei Ares, dêr’t Hephaistos smiet
in net oer, dat net iepen woe;
de goaden ha homearysk lake,
se rekken fan ’t tafriel net sêd.

* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Hephaistos’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum