Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Hypnos en Thanatos

Mytebylden

fan John William Waterhouse*

It wiene twalingbroers,
de soannen fan heit Nix, de Nacht,
dus wurken sy yn ’t tsjuster,
leine mei de sliep op koers.

De Sliep wie Hypnos’ saak,
hy joech him mei syn soannen del
by ’t streamen fan de Lethe
mei de dream as Morpheus’ taak.

Foar Thanatos de Dea,
de grutte broer fan ’t broerke Sliep,
sy wurkje yn it tsjuster
foar it folk mei plat de lea.

* John William Waterhouse (1849-1917)
Skilderij ‘Hypnos en Thanatos’


admin

Horen

Mytebylden

fan ûnbekend*

It wiene trije susters,
fan god Zeus en Themis bern:
Oarder, Rjocht en Frede,
’t wie de Horen oan te sjen.

It jier hie trije sykly,
dus hie elke suster ien,
oarder moast der wêze:
tiden wiene net te lien.

Goadinnen fan it libben,
rjochtút fan begjin oant ein,
foar harsels gie ’t altyd
troch, har libben wie folslein.

Bewekkers fan de poarten
fan Olympos: oarder, rjocht,
ek foar it minskdom frede
ha de susters Horen brocht.

* Byld ‘Eunomia , goadinne fan de oarder’

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum