Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Marsyas

Mytebylden

fan Francesco Trevisani*

Mei de earen fan in bok,
in bonkich lichem mei in sturt,
rûn satyr Marsyas te fluitsjen,
streekrjocht nei syn ûngelok.

Fluitsje koe Athena ek,
útfynster fan it ynstrumint,
’t wie gjin gesicht, troch ûnsjoch spyljen
joech sy him, fataal, de stek.

Marsyas wist dat earst net,
hy fûn de fluit en spile fuort
in fleurich wyske foar de goaden,
tsjin Athena ’s wil en wet.

God Apollo hie in lier,
dus dage Marsyas him út:
in wedstriid mei de ynstruminten…
foar de satyr gjin fertier.

Marsyas ferlear de striid,
waard bûn en rekke út ’e hûd,
hy koe nei fierder libjen fluitsje,
dat Athena striele bliid.

* Francesco Trevisani (1656-1746)
Skilderij ‘Apollo en Marsyas’

admin

Titus Manlius Torquatus

Mytebylden

fan Ferdinand Bol*

As jonge koed er net goed prate,
wat syn heit net lije mocht,
sadat er amper bûten kaam
en yn de hûs de klappen kriich,
mar nea hat hy heit hate,
kaam yn ’t tribunaal sels foar him op.

Yn Rome waard de soan fereare
as de rêder fan syn heit,
wat him perfoarst te goede kaam:
as militêr tribún de kriich
yn om mei moed te kearen
de Galliër, dy koste it de kop.

Syn eigen soan hie moedich striden
sûnder opdracht fan de heit,
wat tsjin de dissipline wie,
sadat de klap dy’t hy doe kriich,
hurd oankaam, yn dy tiden
de deastraf… folge heit syn eigen op?

* Ferdinand Bol (1616-1680)
Skilderij ‘Titus Manlius Torquatus
lit syn soan ûnthalzje’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum