Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Medeia

Mytebylden

fan Eugène Delacroix*

Prinses wie sy yn Kolchis
oan de Swarte See, it lân
mei fan in raam it gouden flues,
dat wijd wie oan de kriichsgod Ares,
nearne fielde sy har thús.

Fereale op held Iason,
dy’t it flues besette moast,
holp sy him mei har tovermacht,
hy soe dan mei Medeia trouwe,
makke ek op oaren jacht.

Fan ’t iene plak nei ’t oare
wie Medeia’s tryste lot,
út wraak brocht sy ek oaren om;
sy waard út mannich stêd ferballe,
kaam wer thús, mar sûnder rom.

Har beide bern fermoarde
sy… hoe kin in mem soks dwaan?
Ut wraak op Iason, harren heit,
of eangst foar wraak op mem har leafsten?
Deadzje gie fan feit nei feit.

* Eugène Delacroix (1798-1863)
Skilderij ‘Medeia dy’t har bern fermoardet’

admin

Perseus

Mytebylden

fan Giorgio Vasari*

As bern waard hy mei mem opsletten
yn in houten kiste, dêrnei goaid
yn see en rêden troch in fisker…
hy hat it yn it libben roaid.

Hy kriich de opdracht om de holle
fan Medousa fan de romp te slaan,
de nimfen joegen him sandalen
mei wjukken, sa koe hy it dwaan.

Athena skonk him skyld mei spegel,
dat hy kriich Medousa net yn ’t each,
koe troch har net ferbline reitsje,
omdat sy yn de spegel seach.

It slagge Perseus om de holle
fan de romp te skieden, ’t wie de slach
om yndruk op it folk te meitsjen,
sa waard ferhege syn gesach.

Foar Andromeda moast er fjochtsje
tsjin de seeslang, dy’t as offer har
ha woe, mei help fan syn sandalen
brocht hy it meunster yn de war.

Sa’t earder oanjoech it orakel,
brocht er oan de ein syn pake om,
syn diskus rekke Argos’ kening,
it lot joech net om rjocht en rom.

* Giorgio Vasari (1511-1574)
Skilderij ‘Perseus en Andromeda’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum