Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Tullia

Mytebylden

fan Jean Bardin*

It giet oer in famyljemoard,
want trije waarden wreed fermoarde,
dêr’t Tullia de hân yn hie,
lykas sy ha woe, barde.

As dochter fan foarst Tullius,
dy’t wiis wie, mei belied regearre,
fersoening yn syn findel hie,
hat sy him nea wurdearre.

Har suster hiet ek Tullia,
dy’t sy fermoarde en tegearre
mei dy har man fermoarde sy
har eigen, net wurdearre.

It kaam tsjin kening Tullius
ta in komplot, de dea op strjitte;
mei faasje ried sy oer it lyk
fan heit, sy koe ’t net litte.

* Jean Bardin (1732-1809)
Skilderij ‘Tullia rydt oer it lyk
fan har heit Tullius’

admin

Tuccia

Mytebylden

fan Giovanni Battista Ruggieri*

Lit Vesta har mar presintearje,
want sy strielet waarmte ôf,
dêr’t elk it fjoer fan ûnderfynt:
‘Ik bin goadinne fan de hurd
yn hûs, ferwaarmje man en frou,
myn prysteressen bliuwe faam,
wat har foar altyd oan my bynt.’

Koe Tuccia it wol wurdearje:
inkeld faam har libben lang,
as wetter dat net streame kin?
‘Ik bin no ienkear prysteres,
in ynstrumint fan dûns en sang,
dy’t tsjinnet as in trouwe faam,
mar ha wol langstme nei in bern.’

Sy koe dat langstme stil negearje,
mar waard oansjoen foar in frou
dy’t libben yn de ierde moast;
mar hold sy ’t wetter yn de seef,
dat boppe alle gaten bleau,
dan wie sy fan de deastraf ôf…
de faam hie nea in bern oan ’t boarst.

* Giovanni Battista Ruggieri (1606-1640)
Skilderij ‘Faam Tuccia’
 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum