Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Phryne

Mytebylden

fan Jean-Léon Gérôme*

As flechtling kaam sy yn Athene,
moaier dame wie der net,
sy ynspirearre mannich keunstner,
libbe faak net nei de wet:
‘hâld it lichem frij fan geunsten’.

Sadwaande moast sy yn de rjochtbank
komme, rjochters by de fleet;
har advokaat ûntbleate ’t lichem,
kriich sa al dy manlju beet
by wat oars as har gewisse.

Dat Phryne hoegde net te flechtsjen,
moaier útsicht wie der net
doe’t sy mei Eros troch Athene
rûn, net bûn mear oan de wet,
elke man koe sy doe winne.

* Jean-Léon Gérôme (1824-1904)
Skilderij ‘Phryne foar de Areopagus’

admin

Phokion

Mytebylden

fan ûnbekend*

Athene wie de bertestêd
fan Phokion en fan Demosthenes,
de iene pleite foar de frede,
de oare fjurre oan ta striid,
ferlern gie ek de rede.

Athene bleau troch Phokion
behâlden út respekt foar syn persoan,
syn dwaan en litten wie ynteger,
it folk lykwols rûn oer fan niid,
ferslein wie ’t eigen leger.

De skuld kaam del op Phokion,
hy hie it mei syn fredestoan bedoarn
en moast de beker gif opdrinke;
syn moed waard eare wiid en siid…
om no noch te betinken.

* Búste ‘Demosthenes’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum