Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Scipio

Mytebylden

fan Sebastiano Ricci*

Sa jong en dan al generaal,
fûl yn de striid tsjin Hannibal,
dy’t foar Kartago focht
mei al syn oaljefanten…
hear nei Scipio’s ferhaal:

‘Ik focht yn Sanje foar de ear
fan Rome, wûn it hielendal,
in famke wie myn bút,
dat woe ik fan gjin kanten,
want har ear die my dochs mear.’

Tsjin Antiochos focht hy ek,
dy’t him sjantearre mei syn soan,
dy’t wurden wie ta bút;
de heit wist doe fan wanten,
syn prinsipe hie gjin rek:

‘Dus kriich myn soan de frijheid wer,
mar Rome sleat myn frijheid yn,
’t wie slimmer as ik tocht,
oerladen waard ’k mei skande,
dus fertsjustere myn stjer.’

* Sebastiano Ricci (1659-1734)
Skilderij ‘De selsbehearsking fan Scipio’


admin

Gaius Mucius Cordus

Mytebylden

fan Matthias Stoner*

Hy die it mei syn linkerhân,
want dy joech oan it stekken stjoer
om foarst Porsenna om te bringen,
de fijân fan ’t Romeinske ryk…
de rjochterhân stiek hy yn ’t fjoer.

Mar Gaius stiek de skriuwer dea,
syn straf waard doe it lôgjend fjoer,
de rjochterhân brocht hy derhinne
ta eare fan ’t Romeinske ryk;
de foarst sloech acht op Gaius ’s kloer…

… en op syn linkerhân,
dy’t nei de skriuwer stutsen hie,
mar om syn moed woe hy dy sparje,
sa waard syn lea ek net ta lyk,
om’t hy foar held in hantsje hie.

* Matthias Stoner (sirka 1600-nei 1652)
Skilderij ‘Gaius Mucius yn oanwêzigens fan Porsenna’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum