Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Kop op ferjamme

Lyrysk Deiboek


Sjedêr de inketswammen,
guon rjochtop yn waar en wyn
en oare fan de stâle skuord
om swart te wurden, foar it each
fergien, ferjamme!

Sjoch fierderop de stamme
fan de minsken, Palestyn
en Oekraïner, losskuord fan
de woartels troch granaat en bom,
ûntdien, ferjamme!

Mei inket skriuwe spoaren
skiednis nei de takomst ta:
wat losskuord waard, sil op ’e nij
de kop opstekke, foar it each
de wrâld bekoare.


admin

Gefoelens peile

Lyrysk Deiboek


Wa kin gefoelens peile
as de sinne skroeit de boaiem drûch,
de tonge kleeft oan it ferwulft,
de mage rekket mar healfol,
dan klinkt in flok net rûch.

Wa kin it wetter keare
dat mei bakken út ’e wolken falt,
it peil ferheget oant de top
berikt is, strjitten streame fol…
in flok dy’t jierren balt.

Kin men de hoop ferlieze
as it grien hat by it wetter baat,
dat spegelet de ljochte loft?
In goed gefoel hâldt it lang fol,
ek yn in oar klimaat. 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum