Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

In beam fan in fint

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De winner is bekend,
hy hat de priis fertsjinne,
in etmiel sterke fint,
mar dêr giet it wer hinne.

Image

De ein is wol bekend:
hoe swart de longen binne
en dat er hymjend rint,
in rotte beam fan binnen.

De soerstof komt fan him,
in beam foar djippe siken
dy’t jout it libben stim
en wol foar ’t stof net wike.

De jierren woegen swier
fan soere rein op tûken,
fan binnen swart, in skier
bestean, de ein de fûke.

Image

admin

By de dea fan de poes

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Op trije fuotten sleepte sy har
fan de koer nei ’t itensboard,
de lamme sturt woe net mear by har,
sleepte mei, sy biet him koart.

Nei wiken soargjen namen wy har
nei de dieredokter mei,
it koe net mear, in spuit woe sy har
ta ha, ’t wie ús yn de wei.

Image

Se dwile wei, it kopke sakke,
wylst har eagen brieken by
ús iepen ’t hert, it hat ús rakke
hoe’t se dêr sa brutsen lei.

Wy lieten har in oere letter
sakje yn de grize klaai,
hoewol’t it grêf koe amper better,
woe it net mear by ús wei.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum