Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Stjerrende bjirk

Lyrysk Deiboek


De winter struide mei wat snie,
te min om op te ljochtsjen grûn
en beam, de bjirk die wol syn bêst
as hege kears, mar sûnder flam,
hy naam syn winterrêst.

Oranje joech hjoed noch wat kleur
oan ’t lânskip, oars as goudsjeblom,
de bjirk seach ’t oan, hie gjin ferwar,
de seage roetste troch de stam,
gjin beam hie dan noch kar.

Hy siigde stadich nei de grûn,
de tûken gûlden ’t kreakjend út,
it snijflak blette tusken giel
en wyt, de bjirk lei gau al lam,
ferlear dêrnei syn siel.

admin

Wat it wol is

Lyrysk Deiboek


It binne gjin gebouwen
dy’t wol njoggen heech de loft
ynstekke, boud foar mannichien
om feilich yn te wenjen…
dizze ha de test trochstien.

It is gjin drone dy’t boppe
de gebouwen fljocht om los
te litten wat ûntploft: geweld
tsjin minsken dy’t ûnskuldich
binne… hjir is ’t rjocht dat telt.

It is gjin nacht om wach te
wêzen om wat komme sil,
wat amper te ûntwiken is,
de nacht fan dea en roujen…
mei ien sniebui is neat mis.

It binne wennings foar de
minsken, earder skipkelju,
in haven dy’t der wêze mei
foar folk om mei te libjen…
nei de bui begjint de dei.


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum