Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Spegels

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It wetter spegelt de betide moarn:
it striden tusken nacht en dei
mei kleuren dy’t op eigen toan
fiktoarje roppe op har wei:
it read omheech as striidbanier,
de loft oerspielend mei syn bloed,
it blau yn ’t wrakseljen foar sier,
noch efkes mei de lêste moed.

Image

Ik bin it wetter, spegeljend it gea
yn lette moarntiid mei de bou
yn streken giel, nei libben dea,
mei loften, op it heechst it blau;
en lizze kleuren op it doek,
dan spegelt dat myn eigen siel,
dêr hingjend as in iepen boek,
mei it ferhaal hoe’t ik my fiel.

Image

admin

Bankhingers

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De trein bringt harren elke moarn
nei ’t plak dêr’t letters op har wachtsje,
hingjend tsjin elkoar en banken oan,
noch slûch nei wykeins koarte nachtsjes.

Image

De Metro sprekt har tige oan,
de letters binne om te pakken,
bankhingers falle fan de troan,
der binne samar lege bakken.

Image

‘Se stjitte ús net fan de troan,
it sil de skoalletiid wol duorje,
Metroletters hawwe it bedoarn,
lit ús dêrmei de eintsjes fuorje.’

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum