Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Lytse tradysje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wat makke eins it koarte libben grut?
De boatebouwer dy’t mei each en hân
it hout en stiel ferbûgde yn ’t ferbân,
sekuer yn ’t wurk en sunich mei it wurd;
de fisker dy’t mei ’t hout de see op foer,
de eagen hifken wetter, wâl en wyn,
de hannen lieten glidend ’t net deryn,
syn klomjend wurkjen wie fan lange doer;
de skipper op syn skûtsje oan it roer
of yn de beage op ‘e polderdyk,
it wide wetter wie syn keninkryk,
de âlde modder liet er oan de boer.

Image

It grutte libben die de eagen ticht,
wat hannen lykwols diene, wie der noch,
har monuminten foeren troch en sjoch,
tradysje docht no wer yn ’t lyts har plicht.

Image

admin

Evangeelje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wylst buien driuwe út it westen oan,
leit yn de glêde grêft de griene skûte,
pronkjend foar de tsjerkegongers op ‘e rûte
nei it evangeelje op dy sneintemoarn.

In skrouske wyn waait de gesichten del
dy’t inkeld sjogge noch de strakke stoepe
dêr’t de tegels klomjend tsjininoarren krûpe,
sa ferwachtsjend rein en heil op ’t hurde fel.

Mar foar’t de sinne bûcht foar waar en wyn,
bestruit er ’t hiele ierdryk mei har strielen
om it wetter fan de himel mei te dielen:
diel myn ljocht yn evangeeljekleuren yn.

Mar sjoch, de tsjerkegongers sjogge ’t net,
sy bûge no en aansen wer de holle;
by it evangeelje dat sy hearre wolle,
falle kleuren soms noch bûten harren wet.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum