Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Streamend goud

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Doe’t goud it godsfolk koartsich makke,
smachtend fan de dollartoarst,
ferfoel it yn de striid om ’t foarst
en is it troch de knibbels sakke.

It bidden wie in gysten graven
nei de djipte fan de skat,
de seine kaam fan swarte raven,
hebsucht hiet har gouden god.

Image

Hjoed hjit it godsfolk hege hearen,
spesjalisten fan de macht
dy’t boarje litte dei en nacht
nei wijreek, harren god ta eare.

Se litte yn de ierde grave
gongen foar konstante stream,
dat elkenien him dêroan lavet,
wier wurdt sa har gouden dream.

Image

admin

It prieel

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Beide wiene sy gjin klimmers
op kosten fan de oar,
genieten yn de hjitte simmers
fan har prieel dat foar
it hûs stie: frije ûndernimmers.

Underdak ha beide nommen
it libben sa’t it wie,
mar wylst is har alhiel ûntkommen
de beam dy’t wankel stie,
al jierren troch klimop beklommen.

Image

Yn dat jier ha stoarmen jage,
de iene nei de oar;
de beam koe de klimop net drage,
hy gie foargoed teloar
en naam ’t prieel mei yn de hage.

Daliks is it leger kommen
mei tank en oar geskut,
se ha de beam en rommel romme,
’t prieeltsje is no fuort,
mar sil foar beide grif wer komme.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum