Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Tegearre

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
No sit er finzen yn har lijen,
komt net los fan har ferfal,
sy binne wurden ta ien stal
en kinne oars net mear as swije.

As jonkje siet er op har skurte,
feilich foar de wrede wrâld,
har libben like lang net âld,
syn langstme taalde net nei ’t grutte.

De groei waard opkeard troch har grutte,
earmen oeral yn it rûn
dêr’t hy net langer baat by fûn,
hoewol’t it him om har begrutte.

Hy hat de oere fan har stjerren
opkeard troch it iene stal,
syn libben is no like hol
en dêrom stjerre se tegearre.

Image

admin

Flatters

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Stiennen, stiel en rjochte streken
stekke fier de hichte yn,
foar ’t lânskip útropteken
achter werklikheid en skyn.

Image

Wa kin om matearje hinne,
’t is de keale werklikheid,
mei kleur is neat te winnen
as wat skyngesellichheid.

Image

’t Selskip swijt faak foar bewenners
mei in útsicht nei de kym,
se fiele wat ferlern is,
werklikheid ferwurdt ta skym.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum