Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Flagje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hy wie yn byld, tafallich tagelyk
mei flaggen yn de fierte.
Ik tocht oan Geuzen dy’t it Spaanske ryk
fersloegen mei har stjitten.

Image

Se stjitten tsjin de poarte mei in mêst
en kamen sa yn Brielle.
Dêr makken se de Geuzeflagge fêst
en koene fierder sile.

Oranje, blanje, bleu, mar net yn ’t want
fan ’t seilleas blauwe tsjalkje.
Dat hat giel-swart mei wetterpoarte spand,
it doek fan ’t Snitser folkje.

Image

De stiennen poarte én dy op it doek,
wa kin sa’n byld ferjitte?
De wylde bylden op it wite doek,
dy lit ik no mar sjitte.

Image

Ik rin foarby it grutte bankgebou,
sjoch tiden hawwe tiden:
de kleuren fan oranje, read, wyt, blau
ha neat mear fan it striden.

Image

admin

Itens

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Itens, doarpke op ‘e klaai,
in lange streek fan stien en hout,
der tuskenyn de iene wei
dy’t tagong ta de fierte jout.

Image

Itens, doarpke fan it lân,
mei beide fuotten op ‘e grûn,
it wetter hâldt men yn ien hân,
’t gefoel wurdt troch de sleatten jûn.

Itens mei syn tsjerketerp
dy’t sjocht de fiere fjilden oer
en tekent tsjin de sinne skerp
it silhûet fan skip en toer.

Image

Toer fan Itens, stien en hout,
stiet boppe iepen foar de Geast
dy’t waait, it tsjerkfolk sa fertroud,
fan noard en súd, fan west en east.

Itens’ tsjerke, iepen plak
foar folk, ferbinend Wurd en wrâld,
is nea foargoed in ûnderdak,
want pylgers binne sâltsjend sâlt.

Image

Itens, skepping fan de see,
in bûn fan wetter en fan lân,
foar learend folk ’t sintrale stee
dat bynt gefoel oan it ferstân.

Itens, sintrum ta beslút,
dêr’t hinne waait in nije wyn
fan east en west, fan noard en súd
en ek werom, de wrâld wer yn.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum