Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Rioelkeunst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

In rûnte, al hoe keunstich ek,
kin net de oare misse,
mannich rûnte sil men risse
ta in keunstwurk boppe alle drek.

In minske, al hoe keunstich boud,
is inkeld mar in stânbyld,
mar wa’t mei de oar it lân dielt,
krijt it keunstwurk dûbeld tabetroud.

De rûnten sakje yn de grûn,
gjin keunstwurk mear foar eagen,
mar bedoeld foar ôffalweagen,
funksjonearjend yn in hecht ferbûn.

Wat keunst bliuwt foar de minske oer?
Wat ite en wat drinke,
op elkoarren sûnens klinke,
foar de rûnten wurdt it floeiber foer.

Image

admin

Djippe streken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wêrom’t ik net it asfalt nim,
de lândyk sûnder spoaren?
Ik harkje nei myn djippe stim
dy’t sprekt as nea tefoaren.

‘Do hast noch ’t wylde yn dyn bloed,
it fjouwerjen yn hoeven
dy’t spoaren slaan, in modderfloed,
en wynderjende tûfen.

Gjin wite streken bringe my
nei fiere kym, mar oare:
dy streken driuwe, meitsje frij
en ek noch djippe spoaren.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum