Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Stoomstjer

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It hat wer west, de nostalgy
fan reek en wolk by skjinne loft
dy’t loek it folk, de stoomfankloft
op ’t ritme fan de tintmuzyk.

Image

Se pûste út, yn harmony
nei oparbeidzjen troch de dei,
de iene naam de oare mei,
se hymje nei, no tagelyk.

Image

De treinploech hat de mûle fol
fan spoarend dik tefreden praat
oer harren dinderjende maat
dy’t fluitsjend yn de wolken is.

Image

De masinist, mei koalen gol,
is dik fan smoargens troch syn maat,
fan him hat hy no ek wer baat:
it wetter is sa lij as pis.

Image

It hat wer west, mar it komt wer,
dan wurdt de nostalgy in wolk
fan smoargens foar it Snitser folk,
want alle dagen is hy stjer.

Image

admin

Lêste stoer

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Dêr’t eartiids skippers joegen
út oan drank de lêste stoer,
sjoch ik noch altyd oer
de Swette sûnder kroegen.

Ik seach de grêft mei ’t bolwurk,
rigen beammen yn it blêd,
de brêgen fan de stêd:
de wachter die it tolwurk.

It bolwurk waard earst sljochte,
op dat plak kaam doe in dyk,
mei eartiids gjin ferlyk:
allinnich autorjochten.

No sjoch ik it krewearjen
foar it âlde dat der wie,
de beamwâl dy’t der stie:
’t ferline opwurdearje.

Mar ha gjin noed oer kosten:
nei de alderlêste stoer,
bliuw ik as stoer wol oer
foar Snits en foar syn gasten.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum