Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Nêstplak

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

As winterlang de boaten heine
rein út swiere wolken wei,
dan komt it wetterpeil al heger
en de dekken reitsje leger,
wylst gjin eigner wekker leit
fan hoe’t syn boat lijt ûnder’ t reinen.

De markol lit de drippen rinne
fan syn swarte fearrepak
en siket yn it rizend wetter
snilen foar syn nêst foar letter,
sjocht ynienen ek in plak:
op ’t djippe dek soe ’t lizze kinne.

Image

admin

Flot begjin

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wêrom soest net lyts begjinne
as Bataven yn in holle beam
har sakje lieten op ‘e stream
om hiel ús lege lân te winnen.

Image

Jimme, jonges, ha it rêden
mei in hammer, seage, tou en hout;
sa hawwe jim in seeskip boud
dat fart nei alle havenstêden.

Wâl of reid kin jim net keare,
it Spoardok wurdt Stille Oseaan,
in hege beam in havenkraan
en wite hûnen binne bearen.

Image

Om de hiele wrâld te winnen,
is ’t Spoardok in lyts mar flot begjin
foar seelju dy’t mei fleurich sin
har libbensskip bestjoere kinne.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum