Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Dilemma

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De loft driuwt driigjend fierder
as hie de delslach yn in flits
troch ’t wapen fan in ridder
it ûnheil brocht oer Snits.

De beammen foelen dreunend
as keardels yn in fûle striid
en stieken swak en kreunend
de earms op, ’t wie har tiid.

Want earst wurdt alles romme
wat stiet al jierren yn it paad,
hjir sil in stedsje komme
as midsieusk op ‘e kaart.

In kilometer fierder
ferriist in midsieusk terpelân.
Sis no, wat weaget swierder?
Help Snitsers út ‘e brân.

Image

admin

Twa totaal

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik seach se yn de fierte stean,
it wie in byld fan twa totaal,
in ienheid út itselde hout
en dochs hie elk in oar ferhaal.

It bern fertelde fan syn groei,
it stribjen nei in hege kroan;
hy woe de stive stringen kwyt,
syn winsk wie leaver hjoed as moarn.

De foarfaar hie syn stive lea
beskikber steld foar trimmerskip,
dat minskebern berikke sil
de hichte, op it libben grip.

Ik seach myn eigen libben stean,
de stringen stikken troch de groei,
beskikber yn de wittenskip
dat oaren groeie nei myn bloei.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum