Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

It hôf fan lusten

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
fan Jeroen Bosch*

De romte is yn trijen dield:
twa streken mei in klear gefoel,
de tredde dêr’t it pynlik fielt,
de djipte fan de helske poel.

Image

Yn ’t paradys koe ’t ierdske bleat
gjin kwea, want alles wie út ien
en dier en minske hiene neat
yn ’t sin wat oergie nei wer ien.

Image

Wat earst sa klear as wetter wie,
rûn út op ’t spul fan split en spear;
de minske brûkte ’t dier en gie
syn gong op wei nei krús en klear.

Image

De trochgong nei it tsjuster gat
wie glidend oer it glêde fel;
it dier gie oer it minsklik lot
en liet him lije yn de hel.

Image

It read komt net mear fan it fjoer,
mar ljochtet him útnoegjend by
troch ’t hôf fan lusten en ’t giet oer
yn’t paradys dat bloeit opnij.

Image

* Jeroen Bosch libbe fan sirka 1453 oant 1516.
Hy krige de earste lessen fan syn heit,
dy’t as skilder en glesker belutsen wie
by de bou fan de Sint Jan fan Den Bosch.
Jeroen Bosch is bekend wurden as de skilder
fan it absurde: de minsklike dwaasheid
en de duvelske ferskrikkings.

admin

Hege flecht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Dêr’t oars de miuwen
fleane moatte soene
yn de Miuweleane
tichtby it Spoardok,
sjocht men kranen kliuwen,
like heech, as woene
sy formaasje fleane
yn it spoar fan it gelok.

Image

Lykwols swaait de gyk
op ’t ritme fan it wurk
in rjochthoek fan beton
dat makket de muzyk
bylâns it blauwe swurk:
in plaat foar it plafond.

Image

Dan is it swaaien dien
en stûket de muzyk.
Is de ferbylding echt
of inkeld hurde stien?
Dochs nimt de fûgelwyk
as wein in hege flecht.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum