Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Dreamen wier meitsje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ast noch bern bist, sjochst nei boppen
dêr’t de stjerren dreame litte
fan ast grut bist: stjer yn ’t koppen
fan de bal of rekke sjitte
om it fier te skoppen.

Ast dan grut bist, skopst fierhinne
sûnder dream fan stjerren
dy’t ferblikke yn de sinne
fan it stribjen om forsearre
fan de oar te winnen.

Bisto wizer fierder kommen,
dan ferwize fiere stjerren
nei de bernetiid fan tomme
yn de mûle, dreamend hearre
by it lytse romme.

Image

admin

Blommen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ik seach mei eagen fan in bern
de berm en greide fol mei blommen,
ta nammen wie it noch net kommen,
mar ik stie en siet en lei om te besjen.

En doe’t ik dan op skoalle siet,
ferwylgen blommen mei de nammen,
kronkeljende harsens dy’t ferlammen
wat natuerlik yn it bernehert omgiet.

En no’t de bermen iepenstean
foar minskebern om yn te kommen,
ride wy de karren winkelblommen
nei de kassa, want der mei ús neat ûntgean.
Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum