Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Bern

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Soe net in mem har bern
it libben leare,
stap foar stap foarút
en op ‘e seare
knibbel komt in tút.

Image

It hynder lit ek sjen
dat memmeskonken
binne it model
foar ’t fôltsje njonken
har, sa fel oan fel.

Mar yn it wetter kin
de pyk fan kobben
daliks al yn ’t spier,
hoe grut de dobbe
is, it rêdt him ier.

Image

admin

Galgelân

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Tusken Snits en Snitser mar
leit Galgelân
sa fredich nêst de Houkesleat,
in folle greide, giel en read
fan blommen,
foar it fûgelark de kar!

Image

Op ‘e deade hoeke fan
it Galgelân
stie ieuwen lyn in hege peal
yn keale greide, fier en feal,
mei galge
foar de godferlitten man.

Image

Dêr’t befoer de pream of skou
it Galgelân,
stiet no in beamke by in bank
as oantins en wa wit as tank
mei blommen
fan de greide foar in frou.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum