Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Bernestim

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Freugde is it as in bern
daliks lûd jout nei de berte,
dy primeur giet net ferlern,
klinkt noch troch yn alle herten.
Yn de leafde fan de âlden
sil de stim it suver hâlde.

Image

Yn de leafdessymfony
groeit it bern nei syn bestimming,
sjongt de libbensmelody
troch te jaan en yn it nimmen.
Op ‘e grins, folgroeid yn jierren,
klinkt syn kleare stim fan fierren.

As it libben leafde mist,
kin it bern gjin wize hâlde,
skril is ’t lûd as fan in bist,
’t wraakliet is foar âlde wrâlden.
Op ‘e grins, net mear te kearen,
klinkt syn skreau, wanhopich bearen.

Image

Skilderijen fan de Finske skilder Akseli Gallen Kallela

admin

Rymje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik rin al heger as de mieden,
optild troch de Grienedyk,
fernim it stribjen fan de ieuwen
nei it ivich blauwe ryk.

Ik sjoch de flear syn wite blommen
klimmen as in doweflecht,
fersiljend boppe lege wolken;
wat is skyn en wat wurdt echt?

Image

Ik wit dat fruchten komme sille
oan de stâle fan de bloei,
dat siedden út ‘e wiere ierde
opstean ta in nije groei.

Ik rin de grize dyk oer fierder
mei de eagen op ‘e kym,
it asfalt lûkt oan beide fuotten,
wylst ik sykje nei de rym.

Image

Ik rymje ierde op ‘e himel,
it ferline op it hjoed,
de lege wolken op ‘e blommen –
doweflecht en sjoch, ’t is goed.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum