Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Lark en swan

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
As swannen driuwt tradysje
sierlik oer de mar,
in silersdemonstraasje
fan mei simpel ark
it dwaan: it seil heech hysje,
solo alle war
yn lykwicht en foar faasje,
sjedêr de lark.

Image

It binne knobbelswannen
yn in smelle feart,
in stel mei trije piken,
samar op in moarn,
wol sierlik, mar gjin plannen
foar in hege steat:
it libben, docht wol bliken,
giet troch, gewoan.

Image

admin

Skeppingsharmony

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hoe kin de skepping as kreaasje
fan wat heger as de minske is
syn brede earmslach noch ferneare,
seinjend ’t gouden byld fan dit is wis.

Image

De stille groei fan ranke raaien
nei in hichte dat it ripe sie
de wyn bespringt en dan mei faasje
fuortsweeft foar in nije skeppingsdie.

Ut beammen riist it hege rikken
mei in brede earmslach foar de bou
fan minskesin oan rekreaasje,
fyftich kear in gouden fûgelkou.

Image

Mar soe dan net de fariaasje
fan it skeppend sie op bou fan sin
yn harmony it lânskip siere
dat wat heger is it seinje kin?

.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum