Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Karakterferskil

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hegerop, sa is it stribjen,
is men binnen, dan derút,
klim op muorren om te libjen,
bliuw net achter stien of rút.
Wa sil om de romte kribje?
Sjoch de delgong ta beslút.

Image

Himelheech mei skerpe klauwen
om te stekken nei de kroan
en de wolken nei te bauwen
mei it wyt op blauwe troan.
Kin men op syn grutskens bouwe?
Sûnder kop is it bedoarn.

Image

Boppe wetter is se kommen,
op in pealtsje sûnder grûn,
amper plak foar ierdeblommen,
mar se hat it lykwicht fûn.
Hat troch libbensmoed de kromme
stâle har de sterkte jûn?

Image

admin

Rûtesifers

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se steane foar it Fryslân-boerd
en sykje op wêr’t sy hjir binne.
’t Waar koe minder, dat no hjoed
in rûte fytse, mar wêrhinne?

Image

De fingers glide hin en wer,
wol linich yn it sifers wizen,
kilometers fier… om dêr
op dizze middei foar te kiezen?

Image

Se fytse rûtes by de rûs,
allinnich ’t binne firtuele.
Einlings traapje se nei hûs,
’t bekende paad, mar wat kin ’t skele?

’t Kin him neat skele, want hy rint
en lit it Fryslân-boerd links lizze
foar ’t reële, hy fersint
him net en sil gjin rûte sizze.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum