Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Hertsilers

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De libbensstart hie better kinnen
mei in hert op ‘e sekonde ôf,
it sylde as in wolk op twirren,
faak te let en soms te gau.

Se kamen prinslik om te winnen,
trainend yn de lúkse fan in cruise,
wat lytser wie de keninginne
fan it wetter mei wyt brûs.

Image

De start koe diskear amper better,
alle herten sylden tagelyk
de wedstriid fan har klopjend libben,
bôge wie har keninkryk.

Se bliuwe jierren noch op ’t wetter,
omdat yn har hert gjin finish is,
se kinne no as wolken sile,
binne fan de sege wis.

Image

admin

Sulver foar goud

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Deastil stiet er by de sleat
of mei de poaten yn it wetter,
flitsend stjit de snaffel ta,
feroaret hy yn fiskefretter.

Image

Swalkjend fljocht er troch it gea
mei kromme hals en brede klappen;
fiverwetter liket sa
wol gaadlik om fluch ta te happen.

Keunstich hat it pear de tún
mei fisken yn it libben roppen;
roppich fljocht er derop ta
om troch de kiel it goud te tropjen.

Image

Deastil hinget op ‘e kop
in swarte reager as ferskrikker,
mei de sulveren cd’s
ferjaget er de goudfiskpikker.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum