Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Wolken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De minskewrâld stampt op ‘e grûn
syn stof de hichte yn
ta wolken boppe rûnom kimen;
se bliuwe hingjen oant de jûn
yn lêste sinneskyn,
in koarte wifel foar de grime.

Image

It ûnheil driuwt dûm driigjend oan
om al dy minskestank
te wreekjen mei in heech gedonder;
as Donar stampt mei dûbel droan,
dan spat de wolkebank
de loft mei bloed en slym derûnder.

Image

It tiidrek fan de oare deis
is oars, de minskewrâld
komt dwilich út syn dwaze slomme;
deemoedich bûcht er ûnderweis
de holle foar behâld
en lucht, yn ’t sykheljen ferromme.

Image

admin

Berterop

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ferburgen yn de skurte
dy’t op knappen stiet,
ferstiet it binnenbern
de rop fan ’t grutte
libben bûten, dat him biedt
de kâns om fier te sjen.

Image

It stekt de griene fuotten
hoopjend troch it flues
en heart it knappend lûd
om troch te wrotten
nei it ljochtsjend wolkom thús
fan mem, har eigen bloed.

Image

Wannear’t gefaar fan fallen
driget, stekt se fluch
de earms nei ’t berntsje út
yn ’t jaan fan folle
net genôch har memmelucht,
foar’t bloeien noch in tút.

Image

Dan riist nei slagge berte
’t bern fierhinne op,
yn breedte en yn ’t rûn
ferlizzend swetten
nei noch foller bloei, syn rop-
ping hat it einlings fûn.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum