Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Unifoarm

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De rinner yn swartbûnte jas
marsjearre fluitsjend oer de paden
yn it ritme fan syn langstme
om him hjoed wer op te laden
mei wat kleur joech op dat pas.

Image

De dieren yn ’t swartbûnte fel
taksearren him mei grutte eagen
hoe’t it swart en wyt twapoatich
wêze koe, perfoarst gjin leagen,
wol in fluitsjen, heech en skel.

De bûnte rinner en de kij
beseagen stokstiif en frapearre
hoe’t in keppel tongerguozzen
bolderjend mei bûnte fearren
glieden unifoarm foarby.

Image

admin

Readbûnt

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se seine dat it hier
fan Hylke read wie,
mar it skeelde wier
net folle mei wat ik hie.

In fjoertoer stie net yn de buorren,
pake sei op Skylge wie der ien

en earder brânden inkeld fjurren,
mar wie Hylke dan fan stien?

By ús op ’t doarp wie ek gjin duvel
en al hielendal in reade net,
de Belgen wiene wol wat nuver,
mar de hel… nee, gjin ferlet.

De Hel wie wol in lytse buorren
yn It Heidenskip, in gea mei kij,
mar yn gjin greide in readbûnte
ko, hoe kamen se derby!

Image

Se sizze readbûnt fel
falt út ‘e toan,
de duvel út ‘e hel
stiet altyd achteroan.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum