Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Teken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
In teken fan wat weiwurdt
yn de tiid, bestiet rûnom,
men sprekt it út as kaaiwurd,
wylst it bliuwt sels deadsk en stom.

Image

In stip fertelt fan ’t reade
dat ferfloeit, ferblikt yn ’t ljocht
fan dagen sinne, deade
hazze dy’t der net om socht.

Image

En blauwe skoech, ferskûle
yn de reiden, sûnder foet
en ek gjin iepen mûle
dy’t fertelt fan goed of noed.

Image

admin

Fêst patroan

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wat bart der by de fûgelhut
sa yn de iere moarn?
De fûgels ha it heechste wurd,
gjin kiker jaget har dêr fuort,
se lûke oer har keninkryk
in fêst patroan.

Image

En efkes fierder by it krús
fan wetters klinkt de toan
fan achtergrûnmuzyk, de rûs
‘hoe komme wy hjirwei, wer thús…’
De motor draaide ’t skip yn ’t slyk,
in fêst patroan.

Image

De iere moarn biedt noch wat oars:
de krusers jouwe oan
de rêst, it sliepen as in roas,
in snoarkjend blazen troch de noas,
in langer lizzend keninkryk
as fêst patroan.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum